Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: toveren Place of Narration: Buitenpost
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Stammerige Harm, koe net goed prate. Dêrfandinne de namme. Hy hie in pot mei jild yn 'e groun. Dêr hied er in reidsketsje om hinne. Sa nou en dan rôp er: "Sjoerd, dû mast my helpe. Ik kin net by de pot komme. De duvel sit der by." Sjoerd dat wie syn omkesizzer. Stammerige Harm hat syn eigen wiif omkomme litte. It minske wie blyn en sy hie sekken oer...
nl.verhalenbank.16523
Myn frou wenne yn Twizelerheide yn in húske mei in plankje oer in sleat. Op in joun, doe leinen se al by harren op bêd, doe hearden skoanmem en dy guon praten. Skoanmem gong der ôf en gong foar 't glês stean om to sjen hwa't dat noch wiene, dy't sa let warber wienen. Doe seach se trije minsken rinnen. It wienen Stammerige Harm, dy syn suster en in dochter...
nl.verhalenbank.24528
Jehannes tsiisrinder hie in kroech op Feanwâldsterwâl. Dêr kommen us in kear lju lâns, dy hienen in petroaljefet, dat rollen se foar har út. Doe wienen se oan 'e herberch fan Jehannes ta, doe woe dat fet ynienen net fierder. Doe liet er dy lju stean. Jehannes koe ek duvelskunsten.
nl.verhalenbank.28643
Alde Jan Popkes fan Noardermar koe duvelskunsten forrjochtsje. As 't reinde en der stienen wetterplakken op 'e dyk, dan liet er de jongefroulju dêr yn dânsje en dan dienen se de rokjes omheech.
nl.verhalenbank.28642
Ik haw yn Dútslân west, dêr werkte ik mei ien. Dy koe ek duvelskunsten. As wy nei hûs ta gongen, hied er ynienen in bult foàr him en àchter him. En dochs hied er neat ûnder 'e klean. Syn heit wie skipper. As syn heit dan jild oan 'e brêgewachter jaen moest as se troch in brêge moesten, dan koe de man noait de beurs ta de bûse út helje. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.28647
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Jan woarde deatsjoend. Fokke, in broer fan Jan ek. En noch in oare broer fan Jan, dat wie Jochum, dy is ék noch deatsjoend. Jochum wie al troud, doe krige er it sa bot yn 'e rêch, dat hy sprong op krukken. Sa bot wied er bitsjoend troch syn eigen mem Karste Lamke en troch syn muoike. Se gongen doe nei Jonge Jan ta, de duvelbander fan it Wytfean. Dy sei:...
nl.verhalenbank.16524
9