Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: duivelsverbond Place of Narration: Buitenpost
Stammerige Harm wenne yn Sweagerbosk. Hy handele yn fodden en bonken. Hy hie in wikseldaelder, dy hie er fan 'e duvel, seinen se. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.30972
Mei frijmetselaren is dat ek sa. Dy ha ek in wikseldaelder. Dy ha 't jild èk op 'e fingerseinen.
nl.verhalenbank.30973
As ien in protte jild hat, sûnder dat it nei to gean is, hoe't hy der oan kom, dan hat sa'n ien him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22961
Sa hat er ek wol guon holpen, dy't de foet forknoffele hienen. Piters Hil hie de earm stikken. Sy kom by Oene. Oene sei: "Wachtsje even. 'k Mat earst even mei 't mantsje prate." Doe gong er nei bûten ta. Even letter kom hy der wer yn en sei: "'t Is foar inoar. 'k Ha mei him praet." (Dat wie net ien oars as de duvel, hwant Oene wie in raren-ien) Trije kear...
nl.verhalenbank.20007
Stammerige Harm fan Twizelerheide hie in pot mei jild yn 'e groun. Dat jild hied er fan 'e duvel krigen. Om dat gat yn 'e groun hied er in reidsket hinne. Hy krûpte yn 'e groun om jild op to heljen. Hy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Syn wiif hat er heal forkomme litten.
nl.verhalenbank.20445
Us heit hie lân to hier: perseeltsjelân. Dat forhierde er oan trije man. Hja bitellen elk njoggen goune yn 't jier. Mar Wibe woe net bitelje. Doe heit nei Wibe ta. 't Wie yn Sweagerbosk. Wibe wie oan 't hakjen. Heit sei: "Hwannear krij 'k myn hier?" Doe ûnderhelle Wibe de bats en dêrmei soed er ús heit de kop ynslaen. Ik seach it en rôp: "Oe heden, nou...
nl.verhalenbank.20008
6