Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Buitenpost
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Frijmitselers meitsje in hûs dat se bouwe noait hielendal ôf. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Se krije jild fan 'e duvel. Dy't ienkear by de frijmitselers is kin der net wer by wei. Om 'e sawn jier mat ien fan har stjerre. Of sy matte ien dea meitsje of sy moatte selsmoard plege. It lot wiist oan hwa't it dwaen mat.
nl.verhalenbank.36157
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se. Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy. Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer. Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
Wy wienen as bern machtich yn 'e hûs. In stik of hwat fan ús binne bitsjoend west. Der wienen krânsen yn 'e kessens. Dy woarden opbrând, mar guon fan 'e bern wienen al to fier hinne. Fjouwer binne deatsjoend. It wie it wurk fan Stammerige Harm. Der sieten yn 'e krânsen lapkes mei bloed, dy't de bern om in seare finger hawn hienen en der siet ek stoptried...
nl.verhalenbank.22971
Op 'e Streek yn Feanwâldsterwâl wenne Fije Antsje. Dat wie in tsjoenster. Dêr wennen in pear berntsjes neist har, dêr wie de mem fan overleden. Dy berntsjes wienen net feilich foar har. Hja wienen deabinaud foar Antsje. Der kamen krânsen by dy bern yn 'e fearrene kessens. Se ha der mei nei Wopke fan Kûkherne west.
nl.verhalenbank.38453
Jan woarde deatsjoend. Fokke, in broer fan Jan ek. En noch in oare broer fan Jan, dat wie Jochum, dy is ék noch deatsjoend. Jochum wie al troud, doe krige er it sa bot yn 'e rêch, dat hy sprong op krukken. Sa bot wied er bitsjoend troch syn eigen mem Karste Lamke en troch syn muoike. Se gongen doe nei Jonge Jan ta, de duvelbander fan it Wytfean. Dy sei:...
nl.verhalenbank.16524
6