Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn Grypskerk yn 'e kroech wie us in ploechje jongfolk. Sy woenen wille ha en doe tochten se: Wy matte it heilich avondmael mar ris fiere. Sy dienen it spottenderwize. Doe kom de duvel der yn. Doe ha guon fan dy feinten it sa op har senuwen krige, dat se der altyd hwat fan oerhâlden ha.
nl.verhalenbank.22862
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
Om tsjoensters to kearen moest men in krús yn 'e drompel fan 'e achterdoar snije en dêr sâlt yn struije. Dêr kin in tsjoenster net oerhinne komme. In krús is heilich en sâlt is ek heilich.
Men die ek wol duveldrek ûnder 'e drompel en men lei it ek wol ûnder it matsje.
nl.verhalenbank.24533