Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: geld Place of Narration: Buitenpost
Stammerige Harm wenne yn Sweagerbosk. Hy handele yn fodden en bonken. Hy hie in wikseldaelder, dy hie er fan 'e duvel, seinen se. Dêrtroch hied er altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.30972
Mei frijmetselaren is dat ek sa. Dy ha ek in wikseldaelder. Dy ha 't jild èk op 'e fingerseinen.
nl.verhalenbank.30973
As ien in protte jild hat, sûnder dat it nei to gean is, hoe't hy der oan kom, dan hat sa'n ien him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.22961
De duvel hie yn 'e skrúf sitten. Dêr hied er danich syn bikomst fan, dat hy wie deabinaud foar de skrúf woarn. Nou wie der in man, dy wist dat. Dy hie syn siele oan 'e duvel forkocht foar jild en nou soe de duvel him de oare deis om fjouwer ûre ophelje. Dat stie yn 't kontrakt dat dy man sels mei bloed ûndertekene hie. De man dy sei tsjin syn wiif: "As de...
nl.verhalenbank.18122
Stammerige Harm fan Twizelerheide hie in pot mei jild yn 'e groun. Dat jild hied er fan 'e duvel krigen. Om dat gat yn 'e groun hied er in reidsket hinne. Hy krûpte yn 'e groun om jild op to heljen. Hy hie himsels oan 'e duvel forkocht. Syn wiif hat er heal forkomme litten.
nl.verhalenbank.20445
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
Frijmitselers binne kûgelfrij. Sy ha altyd jild om hannen. Dat komt, sy ha in wikseldaelder. Sy binne oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.19472
Sy seinen ek wol dat Gauke Haarsma konneksjes ûnderhâldde mei de duvel. As der by earme minsken in poppe op komst wie en sy hienen gjin sinten om hwat spullen foar de útset to keapjen, dan kommen se by Gauke. Dan sei Gauke: "Ik gean wol even fuort." Dan helle er sinten op. Hwerwei? Hy sei: "Binnen 't healjier mat ik se wer ha, oars giet it raer." Syn...
nl.verhalenbank.26212
Frijmitselers meitsje in hûs dat se bouwe noait hielendal ôf. Hja ha in forboun mei de duvel sluten. Se krije jild fan 'e duvel. Dy't ienkear by de frijmitselers is kin der net wer by wei. Om 'e sawn jier mat ien fan har stjerre. Of sy matte ien dea meitsje of sy moatte selsmoard plege. It lot wiist oan hwa't it dwaen mat.
nl.verhalenbank.36157
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hied er fan 'e duvel. As er dy wikseldaelder útjoech, kom er altyd wer. Sadwaende hied er noait gebrek oan jild. Hy die neat oars as skoaijen, mar hy hie dêrom skiep op it lân en hy hie altyd jild om út to lienen. Hy hie him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.36145
Ik haw yn Dútslân west, dêr werkte ik mei ien. Dy koe ek duvelskunsten. As wy nei hûs ta gongen, hied er ynienen in bult foàr him en àchter him. En dochs hied er neat ûnder 'e klean. Syn heit wie skipper. As syn heit dan jild oan 'e brêgewachter jaen moest as se troch in brêge moesten, dan koe de man noait de beurs ta de bûse út helje. Dat wie it wurk fan...
nl.verhalenbank.28647
Heit woe nei Feanwâldstermerke ta om dêr in keal to keapjen. Mar hy hie gjin sinten genôch. Dêrom frege er stammerige Harm. Dy hie altyd sinten en woe ek altyd wol liene. Stammerige Harm hie in wikseldaelder, dat wie oeral wol bikend. Harm wenne flak achter ús. Hy kom by ús en sei tsjin heit: "Jonge, Wibe, hwat hastû dêr in allerivichst moai reabont...
nl.verhalenbank.20019
12