Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: kruis Place of Narration: Buitenpost
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.
nl.verhalenbank.36303
Doe't Jezus oan it krús hong, ha se him in reid foar de mûle hâlden. Doe hat er yn 'e snilen fan it reid biten, sa'n pine hied er. Men kin noch klear de tosken yn it reid sjen.
nl.verhalenbank.20439
De drippen fan Jezus syn bloed foelen op in plantsje, dat ûnder it krús groeide. Sûnt sitte der altyd donkerreade plakken op 'e blêdden. Se neame it reaskonk.
nl.verhalenbank.20440
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster. Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
Nachtmerjes, dêr dienen se fan alles tsjin yn 'e Harkema. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompel. Foar de stoel dy't foar 't bêd stie, struiden se moal oer de flier. (nachtmerjes meije neat meinimme). Sy struiden ek moal op it gesicht en op 'e tekkens. Sy leinen in wiete dweil foar 't bêd. Sy leinen in krús ûnder in dweil. De toffels of de klompen setten...
nl.verhalenbank.19467
Om tsjoensters to kearen moest men in krús yn 'e drompel fan 'e achterdoar snije en dêr sâlt yn struije. Dêr kin in tsjoenster net oerhinne komme. In krús is heilich en sâlt is ek heilich. Men die ek wol duveldrek ûnder 'e drompel en men lei it ek wol ûnder it matsje.
nl.verhalenbank.24533
oan 'e Lytse Wei tusken Harkema en Droegeham is us in frou formoarde woarn. Doe is der in krús samar fansels yn in beam kom, dêr flakby oan 'e wei.
nl.verhalenbank.22963
35