Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: kop Place of Narration: Buitenpost
Om har to bifeiligjen tsjin tsjoensters droegen se froeger yn 'e Twizelerheide duveldrek yn in bantsje om 'e hals. Sy gongen ek wol hinne en bidobben trije dûbeltsjes ûnder 'e drompel, mei de koppen omheech. Dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.20017
Doe't it Knjillisdjip groeven woarde, wienen der twa Westfalen, dy groeven ek mei. Sy wienen by in widdou yn 'e kost. Op 't lêst wie 't karwei dien. Mar de beide Westfalen bleauwen by de widdou. Hja krige gjin kostjild mear. Dat koe net út en 't minske woe dy twa graech slite. Sy sei 't tsjin 'e plysje. Doe kommen der twa plysjes, dy seinen út namme fan...
nl.verhalenbank.21282
Wy wennen yn 'e Sweagerbosk. Doe't myn suster Antsje in fanke oerwoan hie, kom Fokke Loonstra us in kear by ús. Hy wenne ek yn Sweagerbosk, oan 'e Swadde. Hy woe de poppe graech us sjen. Hy nom seis ierappeltsjes mei en in pear plakjes spek. Ik slepte by ús mem. Doe't mem op bêd soe, taestte se nei in grouwe pod mei in doek om 'e kop. Dy pod siet by har...
nl.verhalenbank.18115
By Karste Harmke sieten de hinnen soms achterstofoar op it rip. Se hienen de koppen omdraeid. De duvel regearre dêr.
nl.verhalenbank.16525
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
35