Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: kerkhof Place of Narration: Buitenpost
Der wie us in jonkje, dat sloech syn mem altyd. It kom to forstjerren en it woarde nei 't tsjerkhôf brocht. Mar in wike of hwat letter kom de deagraver by de mem fan dat jonkje. Hy sei, sy moest by it graef komme. Sy gong der hinne en doe seach se dat it rjochterhantsje fan it bern ta it graef út groeide. Sy gong nei de dûmny ta en sy frege him hwat se...
nl.verhalenbank.19654
Der gong us in skippersfeint by 't tsjuster oer 't tsjerkhôf to Bûtenpost. Der roan doe in paed oerhinne. Hy hie in pakje waskguod ûnder 'e earm. Doe woarde er samar trije kear achterelkoar oer 'e groun smiten . It doogde dêr net op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.16515
Heit en mem hienen twillingen. It iene berntsje woarde siik, doe wie 't njoggen maenden âld. It stoar en sy brochten it nei 't hôf ta. Doe sei heit: "It oare berntsje hâlde wy ek net. Ik ha 't al yn 't kistje lizzen sjoen." Doe't se weromkommen fan 't tsjerkhôf wie 't oare berntsje ek dea. Heit en mem wennen doe yn 'e Twizeler Mieden.
nl.verhalenbank.36140
By 't âlde tsjerkhôf to Burgumerheide oan 'e Earmhústerwei dêr hat him us ien ophong. Sûnt doocht it dêr net mear. Dêr is in hekke, dy giet altyd fansels iepen en nachts wurdt dêr in team wite hinnen sjoen tusken tolve en ienen.
nl.verhalenbank.16497
Op it Surhuzumer âld tsjerkhôf, dêr roan altyd in fôlle om. Guon koenen him nachts fretten hearre op 't tsjerkhôf. Wobbe Kûper wenne der njonken, dy hat him dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.26218
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Ik wie in kear yn Harkema op 'e wei, dat nou de betonwei is. 't Wie doe noch in sânpaed. Doe seach ik Japik Stoarm, dy't al in skoft wei wie, troch 't hôf gean. Hy harke hwat by de syddoar. Ik naeide hurd út.
nl.verhalenbank.19965
Alde Japik Mulder wenne op it Wytfean. It wie in broer fan Gauke Mulder. Hy wenne yn myn jonge jierren op 'e plaets, dêr't letter Frits Benedictus wenne hat. Myn âldste broer Jan en ik wienen dêr us op in joun oan 't hôfkesjongen. Doe kom Japik der oan. Hy roan by de hutte lâns en gong sa it paedtsje del nei it hôf ta. Japik wie doe al in pear jier dea,...
nl.verhalenbank.19964
Doe't ik in jonkje wie fan in jier of sawn, acht, seach ik us in âld man, dy wie oan 't graefmeitsjen. It sân woarde oan kant set, ik seach it tige dúdlik. Ik sei: "Mem, hwa komt der op it hôf?" "Ei jonge," sei mem, "net ien." Mar ik hie 't dúdlik sjoen. In pear dagen letter brochten se ien nei 't hôf ta. 't Wie op 't âld tsjerkhôf. Deselde âld man dolde...
nl.verhalenbank.19962
35