Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Buitenpost
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
Yn Sweagerbosk by 't Wyldpaed by de Swadde lâns, dêr giet de kweade yn 'e nacht lâns. Hy foroaret him dan yn in grouwe, swarte houn. Oan diz' kant it brechje yn 'e Westerein is er faek sjoen woarn. Hy gong dan de Swadde lâns op Kûkherne yn. Dêr wie froeger in paed. Nachts kom de houn by Karste Lamke en Sjoerde Ael op 't hiem. Dat wienen tsjoensters. De...
nl.verhalenbank.16767
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn. Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe." Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
In pleachbeest dat is: de kweade yn 'e gestalte fan in houn.
nl.verhalenbank.28649
Op it Spûkereedtsje, dêr ek yn 'e buert, dêr spûke ek altyd in grouwe houn, seinen se.
nl.verhalenbank.22953
Us pake kom de greate strjitwei ris del, doe wied er yn 'e buert fan de kaserne. Doe kom der fanút it Waeigat (nou de iisflakte) in greate, grouwe swarte houn delsetten. Dy kom by pake. Hy roan flak by pake lâns. Pake kom fan Twizel ôf en moest nei de dokter ta yn Bûtenpost. 't Wie op 'e joun. In hiel ein is er mei pake oproan. 't Wie net in gewoane houn,...
nl.verhalenbank.22952
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
nl.verhalenbank.38428
To Sweagerbosk wie in húshâlding, dêr wie de mem allinne thús mei 't jonkje. Doe bigong har houn bûtendoar to spûkgûlen. Hy roan hyltyd mar achterút, al gûlendewei en sa ta 't hûs yn oan 'e fjûrpot ta. Dêr bleau er stean mei 't gesicht nei de muorre ta. Fjirtsjin dagen letter kom 't jonkje to forstjerren. Syn kiste kom to stean tsjin 'e muorre oan op it...
nl.verhalenbank.19998
Wy ha in broerke forlern. Der wenne in âlde frou tichte by ús yn 't earmhûs. Dy sei fan tofoaren al: "Hjir komt gau in deaden, hwant ús houn spûkgûlt iderkear."
nl.verhalenbank.22852
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060
As de houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22851
Moster en eek. It gebeurde al us in kear dat der in roversbinde by in boer ta 't hûs ynsetten kom. Dy binde woe de hiele famylje deameitsje, mar earst woenen se in kostlik miel ha. Dêr twongen se de boer en de frou ta. Doe woarde dat miel foar dy roversbinde rémakke. Allerhande lekker spul kom der op 'e tafel. Doe sei de boer bidaerdwei: "Wolle jim der ek...
nl.verhalenbank.16535
Op 'e Swâdde wienen altyd trije hounestappen en ien hynstepoat to sjen. Dy hynstepoat wie fan 'e duvel. Ik ha dy poaten faek sjoen.
nl.verhalenbank.16522
Op in kear wie er mei in fracht reid nei Grinslân ta. Dat gong mei de pream. In sekere Anne wie by him. Doe kamen se by 't hiem fan 'e boer. Dy boer hie in forskuorrend-lulke houn, dy't dêr op 't hiem omroun. Der stie in buordtsje: Wacht u voor de hond. Anne doarst dêr net op 't hiem, mar Jehannes sei: "Kom mar mei, dy houn docht dy neat." En 't wìe sa....
nl.verhalenbank.38427
Jehannes Tsyske (Meerstra) wie tsiiskoopman. Dy koe de hounen samar stean litte, as er dat woe. Dat lapte er in kear yn Feanwâldsterwâl mei de hounen, dy't foar de potkarre fan Abraham Atema roannen. De hounen koenen net in poat mear forsette. Abraham wie der skjin forlegen mei. Doe sei Jehannes: "Sil 'k dy even helpe?" Hy rekke de karre mar krekt oan of...
nl.verhalenbank.16493
Myn man syn heit gong faek to murdejeijen. Op in nacht roan er fan Koatstertille nei Droegeham. 't Is nou 82 jier lyn. Doe kom der ynienen in grouwe, swarte houn njonken him. Dy roan mei him op. 't Wie in spûkhoun, sei er.
nl.verhalenbank.36135
Der wie in man yn Feanwâldsterwâl, dy gong ris nei Rinsumageest ta om syn sûkerij-sinten. It wie yn 'e nacht doe't er werom kaem. Doe't er op 'e Godloas Singel wie, tocht er: "Ik hear guon oankommen." Krekt as lei 't him sa by, dat dy mannen net folle goeds yn 't sin hienen. Hy hie in hountsje by him. Der lei flak by yn 'e wâl in skou oer de kop. Hy...
nl.verhalenbank.38447
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
Op in kear hie 'k nei Surhuzum ta west mei de tinte. Ik ried de jouns mei de hounekarre wer nei hûs ta. Ik wie op 'e Nije Wei yn 'e Harkema sahwat oan 'e reed fan Tsearde Jouk ta. Doe woenen de hounen ynienen net mear lûke. Sy bleauwen stokstiif stean. Ik wie omtrint thús. Ik moest noch twa hoeken om. Ik ha de karre sels fierder lutsen. Doe't ik thús kom...
nl.verhalenbank.19463
Wibe Hut (= Alma; hy leeft noch) siet us yn 'e herberch op it Jachtfjild oan 'e Langewyk. Doe't hy der útkom, stie der hyltyd in kefhountsje, dat seach nei him. En doe hat dat kefhountsje him oer de wyk hinne smiten. Sy ha him net wer sjoen en 't kefhountsje ek net.
nl.verhalenbank.19488
35