Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Buitenpost
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.
nl.verhalenbank.19994
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf. De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken. Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966
Froeger seinen se altyd, in nachtmerje wie in frommeske. Hja kaem troch 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.30961
Der kommen us twa froulju oanfarren yn in greate bijekoer. It wienen nachtmerjes. Sy farden oer de Burgumermar. Sy songen har heechste liet op it wetter. Doe't se oan 'e oare kant fan 'e mar kom wienen, leinen se de bijekoer oan 'e kant. Mar dêr wie in man, dy hienen se net sjoen. Dy krûpte fansiden, doe't se der oankommen. Hy harke wyls nei it sjongen....
nl.verhalenbank.20437
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster. Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
7