Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 results
Dutch Keywords: hekserij toverij Place of Narration: Buitenpost
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte. Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat. Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
As der guon bitsjoend wienen, fortelde beppe, en sy slepten op fearrene kessens, dan sieten dêr krânsen yn. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.36146
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen. Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown. De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Yn 'e regel wie dat in reabonte kat. Tsjoensters wienen meast âlde froulju dy't der hwat fordacht útseagen. As katten forgaderen se yn in âld hok. It gebeurde dat der yn Kollumersweach jirpels stellen woarden. Earst forskynde der in kat op 'e ikkers om to sjen as alles wol feilich wie. Letter kom de dief sels (in...
nl.verhalenbank.36143
Stammerige Harm wie net fortroud by 't fé. Dat bitsjoende er. Tsjoensters matte yn sawn jier tiid op syn minst ien deatsjoene, is 't net in minske, dan in dier. Wy mochten noait hwat fan in tsjoenster oannimme. Ieten wy it op, dan krigen wy in pod yn 't liif. Ik haw ek ris fan ien heard dy pisse allegear salamanders út, doe't se hwat fan in tsjoenster...
nl.verhalenbank.36150
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere. Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Wy wennen yn 'e Sweagerbosk. Doe't myn suster Antsje in fanke oerwoan hie, kom Fokke Loonstra us in kear by ús. Hy wenne ek yn Sweagerbosk, oan 'e Swadde. Hy woe de poppe graech us sjen. Hy nom seis ierappeltsjes mei en in pear plakjes spek. Ik slepte by ús mem. Doe't mem op bêd soe, taestte se nei in grouwe pod mei in doek om 'e kop. Dy pod siet by har...
nl.verhalenbank.18115
Yn 'e Fûgelkamp yn 'e Harkema wenne Iebel de Wind. Dy hie in bern, dat wie net goed. Tiet kom dêr in protte oer de flier. Der woarde Tiet wol neijown, dat se tsjoene koe. Sy mat it wiif fan Piter Rauwerda ek bitsjoend ha in jiermennich lyn. Dat bern fan Iebel, dat tsjirme. Doe sei Hindrik syn mem (de skoanmem fan Iebel): "Ik hâld it der foar, it bern is...
nl.verhalenbank.19466
Alde Sjoeke wie in tsjoenster. As dy der oankom setten wy as bern gau mei de klomp in krús oer it paed. Dan gong hja werom, hwant dêr koe se net oer komme.
nl.verhalenbank.36303
Doe't ús jonge ris in kear bot út 'e noas blette gong in âlde frou hjiroer hinne en boun him in read triedtsje om 'e finger. Doe hâldde it noasblieden op.
nl.verhalenbank.36149
Yn Burum wenne groatmoeke. Dy hie in buorfrou, dy biwearde, der kaem altyd ien by har troch 't kaeisgat. Dat wie ús groatmoeke, sei se.
nl.verhalenbank.22855
In stikje roggebrea kin men by in tsjoenster feilich opite. Dat kin se net bitsjoene. Mar docht men der tsiis op, dan is 't mis.
nl.verhalenbank.19997
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144
Tsjoensters hâlde der popkes fan lapeguod op nei. Dêr stekke se dan mei spjelden of nuddels yn om minsken to pinigjen.
nl.verhalenbank.19461
27