Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: hekserij kat Place of Narration: Buitenpost
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte. Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat. Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje. Alde Janke hounelobber wenne yn 'e Harkema en wie in tsjoenster. Myn frou har beppe wenne ek yn 'e Harkema, dat wie de frou fan Tsjerk van der Veen. Doe't Tsjerk krekt stoarn wie hat myn frou dêr in skoft hinne west om 't âld-minske hwat selskip to hâlden. Doe sieten hja togearre op in kear by de fjûrpot. Dêr hong...
nl.verhalenbank.22967
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere. Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
Yn Burgumerheide wie in bern fan Sikke Maei bitsjoend. Nou en dan spoeke der in fremde kat om 't hûs hinne. Doe hat Maei de tsjettel mei hyt wetter krige en dêr dy kat mei smiten. De oare deis siet Frearke Jel har holle yn 'e doeken. Frearke Jel wie in tsjoenster. Sy gong mei 't kuorke mei fiters, bân, jern en sa by de huzen lâns. As Frearke Jel de bern...
nl.verhalenbank.16491
5