Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: betoveren heks Place of Narration: Buitenpost
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte. Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat. Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Sake Postma syn wiif yn Twizelerheide is ek deatsjoend. (Ik ha letter by Sake wenne as húshâldster) Hja hie krânsen yn 't bêd. Se tinke dat Janke dat dien hat. De krânsen ha se forbrând. Ik sei, hja hienen alles ticht dwaen matten, de skoarstien en alle kieren en ek de kaeisgatten. Dan hie de tsjoenster in jiskebult woarn. Janke wie Sake syn buorfrou. Myn...
nl.verhalenbank.20013
Yn Bûtenpost wie us in bern siik. It bern koe net leve en net stjerre. Der siet in krâns yn 't kessen by 't bern. Dat wie 't wurk fan in tsjoenster. 't Bern wie dus bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta om to witen to kommen, hwa't de tsjoenster wie. Dy duvelbanner dat wie Foppe Banning, hy wenne op 'e Tsjerkeloane to Bûtenpost. Hy hie in...
nl.verhalenbank.22846
Wy wennen yn 'e Sweagerbosk. Doe't myn suster Antsje in fanke oerwoan hie, kom Fokke Loonstra us in kear by ús. Hy wenne ek yn Sweagerbosk, oan 'e Swadde. Hy woe de poppe graech us sjen. Hy nom seis ierappeltsjes mei en in pear plakjes spek. Ik slepte by ús mem. Doe't mem op bêd soe, taestte se nei in grouwe pod mei in doek om 'e kop. Dy pod siet by har...
nl.verhalenbank.18115
In stikje roggebrea kin men by in tsjoenster feilich opite. Dat kin se net bitsjoene. Mar docht men der tsiis op, dan is 't mis.
nl.verhalenbank.19997
As men fan in tsjoenster hwat krijt dat men opite kin, mat men 't noait hielendal opite. Oars is men yn har macht.
nl.verhalenbank.20024
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
Aeltsje Blau wie in swerfster. Sy slepte nachts by boeren yn 'e skuorre, en ek wol yn 'e wâl of yn 'e bosken. Sy strúnde altyd om. De boeren wienen bang foar har, hwant sy bitsjoende it fé woarde der sein. Op in kear wie der in koe siik by in boer. Dy hie hja oanrekke. Dy koe moest ôfmakke wurde. Aeltsje Blau krige der de skuld fan dat dy de koe siik...
nl.verhalenbank.22844
Yn Burgumerheide wie in bern fan Sikke Maei bitsjoend. Nou en dan spoeke der in fremde kat om 't hûs hinne. Doe hat Maei de tsjettel mei hyt wetter krige en dêr dy kat mei smiten. De oare deis siet Frearke Jel har holle yn 'e doeken. Frearke Jel wie in tsjoenster. Sy gong mei 't kuorke mei fiters, bân, jern en sa by de huzen lâns. As Frearke Jel de bern...
nl.verhalenbank.16491
Hiske de Bruin fan Twizelerheide noadige my us út om kofje. Ik dronk twa kopkes leech en krige der in koekje by. Mar ik koe 't hast net troch 't kielsgat krije, ik woarde der mislik fan. Ik stie de saek net, hwant ik fortroude Hiske net. Sels krige se in bak mei tsiis. Doe sei 'k tsjin har: "Nou mat ik der út, ik wurd sa raer." Der wie skerpe tried spand...
nl.verhalenbank.20442
15