Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme.
Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne.
Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije.
Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west.
"Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein.
De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane.
Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne.
De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer.
Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Minse Griper koe ek in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Dat gebeurde by him yn 'e hûs. Dan rikke er de lege flesse oer om 't hoekje fan 'e doar. Even letter kom de folle flesse der oansweven. Hy mocht him net oannimme. As der net ien by wie, dy't him oannaem, dan gong er sels dea.
nl.verhalenbank.24378
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?"
"Wiswol", hie pake sein.
"Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421