Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: sloot Place of Narration: Boelenslaan
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Fan 't Blauhûs oan 'e plaets fan Sierd Pool ta dêr spoeke ek in hiele dikke, swarte houn. In soad minsken ha him sjoen. Dat wie ek in pleachbeest. As de minsken oer de side seagen, woarden se de sleat yn goaid. Sy moesten stil foar har útsjen.
nl.verhalenbank.27262
Heit en mem (Thomas en Klare) stienen froeger faek mei in kream op 'e merken. Op in kear doe wienen se op 'e weromreis hjir hinne. Sy hienen alles op in karre laden en dêr roannen fjouwer hounen foar. Doe't se oan dizz' kant Eastemar wienen, woarde de karre mei alle hebben en houden, mei de hounen der by samar fan 'e wei tild oer beammen en alles hinne en...
nl.verhalenbank.17658
Yn Droegeham stiet in plaets, tichte by de Tille. 't Is op ien nei de lêste. Dêr wennet Albert Buma op. Froeger wie dêr in feart. Der hat doe in boerefaem op dy plaets tahâlden, dy gong der nachts altyd ôf. Dan bigong se to skrobjen en to bjinnen en to dweiljen en dan makke se alles skjin. Sy hie altyd foar moade it wetter út 'e feart to heljen en wylst...
nl.verhalenbank.21213
6