Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: zweven Place of Narration: Boelenslaan
Germ Smous (= Tuinstra) en syn jonge Mindert kamen us fan 'e klaei ôf. Doe't se oan 't Knjillisdjip ta wienen, rêstten se even. 't Wie dauwich waer. "Heit, dêr komt hwat oan", sei Mindert. "Hwerdat jonge?" "Dêr, sjoch mar." "Sweeft it, of giet it?" "It sweeft." "Set dan sok." En der roannen se hinne sa hurd as siet de duvel har achternei. (dit verhaaltje...
nl.verhalenbank.17680
To Boelensloane sweefde nachts in spoek oer de wei op it plak dêr't Kees Antsje wenne hat.
nl.verhalenbank.37782
Piter Schulp, postkantoarhâlder yn Surhústerfean hat itselde dêr bileefd. Ek Miente van der Sluis, dy't letter plysje yn Grins wie. Ek Meint Pamma, dy't op 'e Skieding wennet, by de Parkster Skoalle.
nl.verhalenbank.17331
Heit hie nei de faem ta west yn Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs wie, sahwat by de plaets fan Poppinga, oan 'e wei nei Boelensloane, kaem der him in swart ding tomjitte, dat him foarbysweefde. It bleau by him yn 'e buert. It wie in great swart ding. Hwàt it wie koed er net sjen. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.17330
Hindrik Kooistra fan Boelensloane soe nei de boer ta, dy wenne op it Fean. Doe't er sahwat oan 't Blauhûs ta wie, oan 'e oare kant Sierd Pool, gong der ien njonken him yn 't wyt, dy sweefde sahwat. Hindrik sei "Morgen", mar dyselde hie neat werom sein. Doe waerd Hindrik bang en makke hurd dat er by de boer kaem. Dat wie Wytse van der Lei, dy fortelde hy...
nl.verhalenbank.17326
Melle van Dekken seach oan 'e Trije Roede by in hjouwerfjild in wyt spoek. Dat gong stadich omheech en sweefde oer de hjouwer hinne en sa rekke it út it gesicht wei.
nl.verhalenbank.25656
Ik wie ris in kear op 't Wytfean mei myn beide maten. Wy gongen skeanoer en doe troch in droege sleat. Myn beide maten wienen der al troch. Doe't ik der troch soe gong der in gedaente deun foar my lâns. It wie hwat dat sweefde. Noait ha 'k witen hwat dat wie.
nl.verhalenbank.28324
Greate Germ dat wie in domme keardel. Op in kear wie der op in joun mei syn soan Mindert op 'e Trije Roede. Doe sieten der twa skiep oan 'e line. Mar dat koe Mindert net ûnderskiede. "Dêr is hwat, heit", sei er. De skiep gongen hinne en wer. Germ sei: "Sweeft it, Mindert?" "Ja", sei er. "Set dan sok." Dêr fleagen se hinne.
nl.verhalenbank.17631
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
9