Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: ziel Place of Narration: Boelenslaan
Guon dy't in wikseldaelder hienen wienen oan 'e duvel forkocht. Sa'n wikseldaelder gong noait oan ein, dy rekke net op. Hy groeide altyd fansels wer oan. As sokken dea gongen, wienen se foar de duvel.
nl.verhalenbank.25486
Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.
nl.verhalenbank.32782
Frijmetselers ha harsels oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.32784
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Frijmitselders ha noait forlet fan jild. Se helpe elkoar altyd. Sy kinne trije kear jild krije, faker net. Mar der wurdt ek wol sein, dat frijmitselders in wikseldaelder ha. Sy ha har oan 'e duvel forkocht. Yn Snits ha de frijmitselders in gebou. Ik ha 't wolris stean sjoen. Sy matte der achterstofoar ta'nyn gean.
nl.verhalenbank.16042
7