Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Boelenslaan
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre. As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583
Antsje Pitstra lei op har stjerbêd. Sy koe net ta stjerren komme. It wie net altyd like moai gong yn har leven. Doe ha se my der hinne roppen. Ik hie wol ris faker mei har praet. Doe't ik dêr kaem, sieten alle glêzen/gerdinen ticht en der siet in grouwe swarte houn deun tsjin 'e glêzen oan. Ik hie fuort yn 'e rekken hwat dat bitsjutte. Ik kaem by Antsje....
nl.verhalenbank.16044
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
Myn swager kom by myn suster. Dêr hied er doe forkearing mei. Hy hie altyd in revolver by him. Op in joun wie hy der wer. Doe't er yn 'e neinacht fuort gong en op 'e Dunen wie (yn 'e Harkema) kom der in hiele greate, swarte houn by him. Dy houn wykte mar net by him wei. Doe krige er syn revolver en woe der op sjitte. Mar hy hie de macht net om to sjitten....
nl.verhalenbank.28155
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west. Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle. "Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
Twa mannen wienen to murdejeijen. Mar sy fangden dy nachts neat. Doe seach de iene hwat. "Duvel Jan," sei er, "hwat is dat in moai murdtsje." Mar hwer wienen de hounen? Hja fluiten, mar de hounen kamen net. De hounen wienen binaud. Doe sei Jan: "It komt, sa't it komt, mar as de hounen dat bist net oandoarre, dan rêd ik der mei." En doe rekke er mei dat...
nl.verhalenbank.17639
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei...
nl.verhalenbank.24445
8