Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: achterstevoren Place of Narration: Boelenslaan
Akke Kaert lei de minsken altyd de kaert. Mar heit fortelde doe't it mei har ôfroun wie siet de kop achterstefoar op 'e romp. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.24377
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel. Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
Minse Griper wie de man fan Tryn Snipel. Minse koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dat die er mei in duvelboek. Dêr lêsde er yn, dan kommen de soldaetsjes deroan. As er alles tobek lies, gongen de soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24376
Rogge is heilich. Rogge woarde faek brûkt tsjin tsjoenderij. Mar de minsken droegen tsjin it tsjoenen ek wol in pûdtsje mei duveldrek op it boarst. Guon binaeiden roggekerrels yn 'e klean, mar altyd in oneven getal. As men gjin tsjoenster yn 'e hûs ha woe, moest men de klompen ûnrjocht foar de drompel sette.
nl.verhalenbank.16043
Frijmitselders ha noait forlet fan jild. Se helpe elkoar altyd. Sy kinne trije kear jild krije, faker net. Mar der wurdt ek wol sein, dat frijmitselders in wikseldaelder ha. Sy ha har oan 'e duvel forkocht. Yn Snits ha de frijmitselders in gebou. Ik ha 't wolris stean sjoen. Sy matte der achterstofoar ta'nyn gean.
nl.verhalenbank.16042
6