Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: zwarte Place of Narration: Boelenslaan
Janne Durkje hie har man Jan hiel min bihandele. Sy doarst nachts noait allinne to wêzen doe't se har man yn 't graef hie. Alle nachten gong har man letter yn 't swart klaeid mei in lange jas oan en in hoed op nei de souder ta. Dan dindere it théguod en 't gong der sa bot op 'e souder om wei, dat sy koenen it op 'e wei hearre.
nl.verhalenbank.38698
Ritske Bekkema hat hjir tichteby yn in húske wenne. Dêr wie wol gauris in fremde swarte kat by him om 'e doar hinne. Ritske sei: dat is âlde Jehannes' Wyts. Wyts wie in tsjoenster. Doe krige Ritske op in joun it gewear en doe skeat er dy kat. De oare deis hie âlde Jehannes' Wyts in kreupele skonk.
nl.verhalenbank.37840
't Gebeurde froeger faek dat bern bitsjoend wienen. Dat koenen se witte oan 't kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Sieten dêr krânsen yn, dan wie 't sa. Meastal wie de tsjoenster in âld minske. By nacht wie 't in swarte kat. Dy kat koenen se noait deameitsje. 't Gebeurde wol dat se mei in stik ark nei sa'n kat smieten. Dan hie 't âld-minske de oare...
nl.verhalenbank.37771
Wy wennen yn Feansterheide. Op in joun gong ús heit mei ljochtmoannewaer nei tsjerke nei ds. Pekelharing fan Surhústerfean. Dat wie in ein rinnen. Der kaem hwat achter him oan. As heit stean bleau, bleau dat oare ek stean. Heit koe 't net kwyt wurde. 't Like op in greate, grouwe swarte houn. 't Gong mei heit oan tsjerke ta. Doe hat er 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.37777
35