Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
93 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Boelenslaan
Der wienen froeger fan dy stille kroechjes op 'e Boelensloane. Snein-to-jouns sette it jongfolk dêr op ta. Sa wie der ek ien, dêr spile Lammert Dalstra altyd op 'e âlde harmoanika. Der dânse it jongfolk altyd by. Lammert hie mar ien hân. De oare wie in knûstje, dy wie miswoechsen. Op in joun sei 't jongfolk: "Lammert, nou mast ris even spylje: - Daar...
nl.verhalenbank.26107
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
It wie yn 'e Harkema op in joune, moai let, tsjin 'e nacht oan. Ik wie by in ploechje jongfolk, dêr wie Taeke Postma ek by. Wy wienen op 'e Boskreed, dy't nou forhurde is. Doe sei Taeke ynienen: "Even oan kant, jonges, der komt in lykstaesje oan." Wy gongen allegear oan kant wylst dy lykstaesje passearde, mar net ien fan ús, bihalve Taeke, dy't hwat...
nl.verhalenbank.28088
Jan Veenstra kom us troch Koatstertille op in nacht ± jier lyn. Doe't er sahwat by de brêge wie, hearde er skean achter him in lawaei fan stienladen en timmerjen en smiten mei ark en doch wie der neat to sjen. Koarte tiid dêrnei ha se dêr de konstruksjefabryk delset.
nl.verhalenbank.17720
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne." Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in hiel soad. It tsjutte op 'e lettere strjittelampen
nl.verhalenbank.17668
It is us in kear gebeurd, dan kaem ik thús fan 'e klaei. Dêr hie 'k oan 't wurk west. 't Wie sahwat ien ûre yn 'e nacht. De finsters fan ús hûs stienen heech opskoud en de gerdinen waeiden der troch hinne nei bûten ta. Ik seach ûnder 't finster troch. Der stie iten foar my op 'e kachel. Doe gong ik der yn en ik bigong to iten. Doe seach ik in lyts deafet...
nl.verhalenbank.17683
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Oan 'e Warreboskloane seagen in suster fan my en dy har man (Hindrik van der Meer) allegear fjûr boven in hûs. Mar yn werklikheit wie der gjin fjûr. Net lang dêrnei is 't hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.32417
Hjir wennen trije susters, dat wienen alle trije tsjoensters. Nachts gongen se nei in stik lân ta mei in biezemstôk. Dy hienen se by har. Dan wienen se dêr op it lân oan 't tikboartsjen. Se sprongen om 'e biezemstok hinne. Guon ha har wol hippen sjoen.
nl.verhalenbank.17736
Boardzer Bruining seach, foardat de oarloch útbriek, hiele troepen minsken, dy't nei Drachten tasetten. Boardzer roan mei in opstoppe keal mei twa koppen by de doarren lâns. Ek mei fremde aeijen. Ek mei in skip yn 'e flesse. Hy gong ek to nijjierroppen. Dan sei er hiele stikken op. Kom er by kristlike minsken, dan sei er in kristlik fers op, by oare...
nl.verhalenbank.24698
Antsje dat wie in nicht fan my. Dy hie op in joun om molke west nei Taeke-om yn 'e Houtigehage. Doe't se wer nei hûs ta gong, doe seach se hwat ûnderweis. 't Wie in lyts berntsje, dat kaem ûnder in grouwe spjirrebeam wei. Dat berntsje, dat hienen lju dêr stil bigroeven, dy't it kwyt woenen. Dêrtroch hie dat berntsje gjin rêst.
nl.verhalenbank.17657
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar. Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat. Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!" De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes. Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
Ik wie froeger hwat in raer man. Ik mocht graech in buorrel. Op in kear lei 'k yn 'e bosk. 'k Hie tofolle hawn en ik slepte. Ik woarde wekker fan timmerjen, krekt op it plak, dêr't ik lei. 't Klonk wit hoe lang troch. Mar der wie neat to sjen. Op datselde plak dêr't ik lei ha se letter "de Huchte" set.
nl.verhalenbank.17651
It mei sahwat in fiif en twintich jier lyn wêze. 't Wie yn 'e simmer. 't Wie yn 'e nacht en 'k lei op bêd. Doe hearde ik ynienen achter ús hûs: bouns - bouns -. Ik tocht: hwat mei dat wêze? Ik der ôf en nei bûten. 't Wie skymerich. De lûden wienen út it hok weikom, sa't it hearde. Mar doe't ik bûten stie hearde ik neat mear. En yn 't hok wie ek neat to...
nl.verhalenbank.25323
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
35