Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: Boelenslaan
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better. "Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se. "Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Myn heit syn suster hat de fyk hawn. Doe gongen se op in snein-to-moarn nei Jehannes Hinses op 't Wytfean. Letter wenne Wiger Postma dêr, en nou Geart v.d. Heide. 't Wie ek tagelyk in kroechje. Heit syn suster wie noch net troud. Hja hie hiel bot pine oan 'e hân. Jehannes Hinses sei: "Soa, dêr wiest dan, en dû woest hjir net hinne?" Sa wie it, hja hie der...
nl.verhalenbank.24703
As ien de trêdde-deis koarts hie, dan gong er nei Piter Scheper ta. Hy hie achter hûs in elzene beam stean op in stamme. Hy nom de pasjint mei dêrhinne. Dy moest mei de rêch nei de beam ta stean gean. Hy mocht net nei de beam sjen. Dan gong de koarts op 'e beam oer. De pasjint wie de koarts kwyt, mar de blêdden fan 'e elzene beam bigongen to ritseljen, ek...
nl.verhalenbank.25096
De koarts woarde ek wol biknope. De man dy't de koarts hie krige in eintsje tou fan sa'n sechstich c.m. fan deselde dy't de koarts bistride. De pasjint moest út 'e midden wei fan dat eintsje tou mei de hân nei de beide úteinen strike. Earst de iene kant, dan de oare kant. "Sa is 't genôch", sei de genezer. Hy sette der knopen yn en goaide 't eintsje tou...
nl.verhalenbank.25097
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten. Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter: "Hwat bist let." "Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen...
nl.verhalenbank.25095
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?" Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen." It holp wol. Sy is better woarn. Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof. Dy...
nl.verhalenbank.28428
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west. Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Der wie hjir in man, dy hie de koarts krige op 'e Grinzer klaei. Dy koed er noait wer kwyt wurde. Doe hat Piter Scheper fan Houtigehage him der ôf holpen. Der stie in dikke iken beam achter hûs. "Gean mar fuort," sei Piter tsjin him, "de koarts sit nou yn 'e ikenbeam." De beam stie to skodzjen en to triljen en de man wie syn koarts kwyt.
nl.verhalenbank.25659
Joast Wiersma wenne to Jistrum. It wie in tige bikende kwaksalver. Hy hie in bêste namme. Op in kear wienen der twa jonge mannen, dy kommen by him. Sy woenen Joast even to pakken nimme en seinen dat der in persoan siik wie. Sy hienen syn wetter meinom, seinen se, mar it wie wetter fan in hynder, dat se yn 't fleske hienen. Joast joech de beiden in briefke...
nl.verhalenbank.28427
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie. Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús." En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
Ik hie us op in kear slim pine yn 'e mûle. 't Wie op in moarntiid. Ik roan de Folgerster loane del. Ik koe 't wol útraze. Sa kom Piter Scheper fan 'e Houtigehage my achterop. Ik klage him myn need. "Woest it graech kwyt?" sei er. Ik sei: "Ja." Hy sei: "Mast om d_ beam tinke. Sjochst him wol? Dêr komt skielk in hiele dikke wart op. Dy kriget nou de pine yn...
nl.verhalenbank.25258
Hinke har omke wie Gjalt, dy hie in frou, dat wie in Ingel. Ingel wie siik en sy masteren mei Frânse Hinke. Mar Hinke koe har net better krije. Ingel stoar. Doe gong it praetsje, dat Frânse Hinke hie har forjown. Sy wie forgiftige troch har, seinen se. De dei dat Ingel begroeven wurde soe kom der in telegram, dat sy moesten de kiste stean litte. It lyk...
nl.verhalenbank.23762
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Alde jonge Jan wie wûnderdokter, fédokter en duvelbander. Hy wenne yn 'e Harkema tsjin ús oer. Dêr kaem ris in man út 'e Westerein by him, dy hie in siik fanke meinaem yn in koer foar op 'e fyts. Dat fanke hie allegearre bulten yn 'e nekke en op 'e rêch. Dêr hie se gâns lêst fan. Dêr wie gjin dokter dy't dat geneze koe. Jonge Jan sr. bihandele dat fanke...
nl.verhalenbank.32233
Wy ha us in bern siik hawn, doe lieten wy Piter komme. It earste dat Piter frege wie: "Ha der ek forkearde egen oer him gong?"
nl.verhalenbank.24455
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes. Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better. Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
nl.verhalenbank.24454
Us heit en mem wienen noch mar krekt troud. Doe rekke ús mem slim yn 'e loop en sy wie der ek noch bot koartsich by. Der wenne op 'e Houtigehage, flak by Luchtenveld in sekere Piter Scheper. Heit sei: "Dêr mastû hinne, dy makket dy samar wer better." Mem woe earst net, mar op 't lêst liet se har biprate. Piter hie yn 'e skuorre lein to ierpelskiften....
nl.verhalenbank.24456
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen. Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457
35