Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: vluchten Place of Narration: Boelenslaan
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne. Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije." Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong...
nl.verhalenbank.36102
It slot mei de ezels yn 'e Sweach Yn 'e Sweach stie in slot, dêr roannen altyd ezeltsjes. Dêr wie froeger us in man de marse by, dy frege dêr: "Mei it pak hjir wol stean?" Dat woarde net tastaen. It pak kom yn 'e keuken to stean. Wylst de faem yn 'e keuken omskarrelt, sjocht se, dat it pak forweecht. Hja giet nei de hear ta en freget om syn revolver....
nl.verhalenbank.21734
By Utrecht leit in doarpke, dêr sûpten de minsken hiel bot. Doomny preke dêr elke snein oer en dat kom dy minsken dêr to slim oan. Sy woenen him wol slite. It folk woe him oanpakke. De tsjerke gong út. De âlderlingen seinen: "Doomny mei hjir wol bliuwe, 't komt net goed. Sy wolle doomny oanpakke." Mar doomny sei: "Elia forsloch 50.000 man." Hy gong fuort...
nl.verhalenbank.21723
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Maerten de Postrinder komt yn 'e nachts fan it postkantoar mei in knoarre jild by him. Underweis sjocht er ien aonkommen. Maerten tinkt: "Ik krûp yn 'e sleat, dan sjocht er my miskien net." Mar dy oare hie him wol sjoen. Dy hie èk in knoarre jild by him en tocht krekt itselde. Dat dy kroep oan 'e oare kant fan it paed yn 'e sleat. As Maerten dêr in skoft...
nl.verhalenbank.21726
Yn 'e Pein woenen us guon ynbrekke by in boer. Mar de boer fornimt hwat der to rêdden is en de mannen stoune fuort. Ien fan har soe oer in hekke. Mar de boer wie in flugge, linke keardel dat hy kryt him topakken en slacht him dea. It hiet letter, dat in koe de man op 'e hoarnen nom hie en sa dearekke wie, mar sa siet it net.
nl.verhalenbank.21727
Oeds Griper wie us yn 'e nacht op wei nei hûs ta. Underweis sjocht er ien oan 't skrippen op 'e heide. It wie Fokke. Oeds sei: "Mat dat sa, Fokke?" "Ja," sei Fokke. Oeds sei: "Dat kin ek wol hwat oars, Fokke." Mar Fokke dy arbeide troch. Mar even letter, doe kom der ien by him, dy sei: "It kin wol oars, Fokke, kinst it wol oanmeitsje litte." Mar Fokke...
nl.verhalenbank.21731
De frou har beppe hat ek us in nachtmerje by har hawn. Der kom hwat op har. Hja wachte even, gong op 'e rêch lizzen en pakte ta. Hwat stiver hja de hân taknypte, hwat flugger de nachtmerje fuortglide.
nl.verhalenbank.21718
Greate Germ dat wie in domme keardel. Op in kear wie der op in joun mei syn soan Mindert op 'e Trije Roede. Doe sieten der twa skiep oan 'e line. Mar dat koe Mindert net ûnderskiede. "Dêr is hwat, heit", sei er. De skiep gongen hinne en wer. Germ sei: "Sweeft it, Mindert?" "Ja", sei er. "Set dan sok." Dêr fleagen se hinne.
nl.verhalenbank.17631
De biskop Bommen Berend koe net bêst mei syn folk oer de wei. Hy hâldde syn mieltiid altyd boven yn 'e toer fan 'e tsjerke. Doe is 't gebeurd, dat syn eigen folk op him skeet. Sy skeaten der boven yn 'e toer de fiskpannen foer him wei. Doe waerd it him to kras. "Nou 't myn eigen luzen my bigjinne to biten," sei er, "nou wurdt it tiid, dat ik de bizen...
nl.verhalenbank.17401
Antsje Pitstra lei op har stjerbêd. Sy koe net ta stjerren komme. It wie net altyd like moai gong yn har leven. Doe ha se my der hinne roppen. Ik hie wol ris faker mei har praet. Doe't ik dêr kaem, sieten alle glêzen/gerdinen ticht en der siet in grouwe swarte houn deun tsjin 'e glêzen oan. Ik hie fuort yn 'e rekken hwat dat bitsjutte. Ik kaem by Antsje....
nl.verhalenbank.16044
Yn Beets wenne in faem dy wenne by in boer oan 'e feart dy't nei de Feenhoop giet. 't Wie yn 'e winter en der lei in laech iis yn 'e feart. De faem sei: "Ik wol to riden, as soe 'k ek mei de duvel ride." Dat wie yn 'e moarn, dat se dat sei. De middeis kom de duvel by har. Hy hie redens by him. Oan syn knolfoet seach se dat it de duvel wie. Hja wie oan 't...
nl.verhalenbank.25498
Twa jongens hienen de godgânske dei omswalke. Hja wienen warch en kamen by in buorkerij. Se fregen de boer of se dêr oernachtsje mochten. De boer makke gjin biswier, mar hy warskôge har, it wie in spoekhûs, dêr 't se yn tolânne kaem wienen. "Jimme meije allinne mar antwurdzje, as ik jimme hwat freegje, oars net ien, forstien?' De jongens wienen bliid, dat...
nl.verhalenbank.17410
In slangekoaning kin fluitsje. Hjir yn Driemunt leit it Koarige. Dat heart by de van der Kooi's plaetsen. Dêr wie froeger in drintehok. Der wie in skieppehoeder, dy paste op 'e drinten. Dat wie ien fan 'e Grinzer Pein. De skiep foarmen ien greate kudde altyd, mar op in kear wienen se ynienen útinoarren roan. Yn 'e midden fan 'e kudde kom in rûm plak. De...
nl.verhalenbank.25822
Op 'e Veenhoop stie in boereplaets, dat wie de Flearbosk. Dêr wenne in boer mei syn húshâldster. Der kommen op in joun twa man, dy woenen dêr graech sliepe. Dat mocht wol. Mar even letter hearden se wèr guon oankommen. It wienen sawn rovers. De boer tocht net oars of it wienen hantlangers fan 'e beide oaren. Hy tinkt: de fyân binnen en de fyân bûten. Hy...
nl.verhalenbank.21728
De nachmerje wie sa glêd as in iel. Op in kear sprong in nachtmerje in man op 't liif. De man pakte de nachtmerje, mar hy glied him as in iel troch de hannen.
nl.verhalenbank.21717
Hinse hat ris rûzje hawn mei de kooplju út Drachten. Sy sieten meielkoar op 'e bovensael fan 'e herberch 'De Phoenix' to Drachten. Doe bigong Hinse hiel bot to brullen en doe woarden de kooplju allegear binaud. Hwant Hinse dat wie net in gewoanen ien, mar in hantlanger fan 'e duvel. Dat wisten se allegear wol. Sûnder dat Hinse der in hân nei útstuts,...
nl.verhalenbank.16030
Hjir yn 'e Boelensloane, oan 'e Bethlehimsreed, wenne in hiele âlde man. Dat wie âlde Sytse Donder. Dy wenne by syn soan yn. Op in moarn wie dy âld man nergens to finen, doe't de soan fan bêd kom. Sy sochten oeral - op 't lêst founen se him tusken de latten en it tek yn it dak, binnen yn 't hûs. Hy wie dêr hinne flein. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.27599
35