Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: veulen Place of Narration: Boelenslaan
Ik haw ris heard dat de wearwolf der soms útsjocht as in fôlle. Der wie in man, dy hie faek lêst fan sa'n fôlle. Dy kom dan by him, dan moest er dit of dat dwaen. Die er it net, dan wienen him de siken biset. As er it wòl die, dan wie 't goed. Dy fôlle wie in pleach foar him. 't Wie in wearwolf.
nl.verhalenbank.24878
Op 'e Langewyk roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17134
Op 'e Mûzegroppewei, seinen se altyd, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28165
Op 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24379
Op 'e Feansterwei fan 't Jachtfjild oan 't Blauhûs ta roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21216
Heit (Thomas Bruining) roan út Doezum wei nei de Smellinger Pein ta nei de faem. Op 'e weromreis by't Rottefalster tsjerkhôf wie hwat yn 'e homeije. Heit moèst der nei sjen. It like dan wer op in hynder, dan op in fôlle, dan op in aep. Hy koe 't net útmeitsje hwat it wie. Mar hy wie net bang en roan der hinne om to sjen. Doe't er him omkeare woe, koed er...
nl.verhalenbank.17648
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
As der in fôlle geboaren waerd, dan waerd de ham heech yn 'e beam ophong. Dan woarde it fôltsje in echte draver.
nl.verhalenbank.36095
Op 'e Mûzegroppe-wei, sa wurdt der sein, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.32230
Hjir yn 'e Loane wenne in man, dy hie in bult ierde losmakke. Dat gebeurde by 't hjerst. Dêr kom de jarre yn, dy't by 't maitiid oer 't lân brocht woarde. De man wenne tsjin 'e Fjouwer Roede oan. De jouns hie er de bult hwat sljochte. 't Wie ljochtmoanne. Doe tocht er: "Der leit hwat op 'e ierdbult." Hy der hinne. Doe wie dat in beest, krekt as in fôlle....
nl.verhalenbank.24910
35