Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: verdrinken Place of Narration: Boelenslaan
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Even letter wie dêr ien fordronken.
nl.verhalenbank.32775
Yn 'e Blaudobbe ha se ris it lûd fan in razend berntsje heard. Dêr sil nochris ien yn fordrinke.
nl.verhalenbank.24908
It wie op in saterdeijoun, by de Doezumer Tocht (in wetter). Heit (Thomas Bruining) en dy soenen to praten. Doe hearden se ynienen in stim út it wetter: "De tijd is der al, de man is der niet." Trije kear achter elkoar hearden se dat en it klonk hiel helder. Heit en dy tochten har binaud. Doe kom der in man oanfleanen yn in seas mei in hynder der foar. Dy...
nl.verhalenbank.17643
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet." Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
Yn 'e Popkepoel is 't sizzen, sil noch us in bern yn fordrinke. Guon minsken ha 't bern razen heard.
nl.verhalenbank.21408
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema hat men de Liuwe-poel. Dêr ha wy flakby wenne yn in hiel lyts húske. Guon ha dêr no út dy poel hiel dúdlik "Help, help!" roppen heard. De minsken wolle ha dat dat foartsjirmerije wie. Mem warskôge ús as bern altyd: "Kom net to ticht by de poel, hwant dêr mat noch ien fordrinke."
nl.verhalenbank.17593
Yn Droegeham stiet in plaets, tichte by de Tille. 't Is op ien nei de lêste. Dêr wennet Albert Buma op. Froeger wie dêr in feart. Der hat doe in boerefaem op dy plaets tahâlden, dy gong der nachts altyd ôf. Dan bigong se to skrobjen en to bjinnen en to dweiljen en dan makke se alles skjin. Sy hie altyd foar moade it wetter út 'e feart to heljen en wylst...
nl.verhalenbank.21213
Ik hie in âlde muoike, dat wie Elske-moai. (Elske Mulder) Dy wenne by de poel op 'e Loane. It is nou sa'n fjirtich jier lyn. Wy hienen in jonkje. Us buorwiif kom by ús en brocht biricht dat ús jonkje yn 'e poel fordronken wie. Doe gong se nei Elskemoai ta om it to fortellen. Mar Elskemoai hearde der alhiel net fremd fan op. Sy sei: "Dû hast hjir sakrekt...
nl.verhalenbank.17600
As wy froeger baeije woenen yn 't Swartfliet yn 'e Harkema, dan sei ús Taeke-om: "Net yn dat wetter komme, jonges, hwant dêr mat ien yn forsûpe!" Gâns jierren letter is Piter Claus dêr yn forsûpt.
nl.verhalenbank.21205
Yn 'e Hogeveensterwyk, hjir achter hûs (yn 'e Boelensloane) ha guon ris ien om 'help' roppen heard. Dêr roannen al guon hinne to sjen, mar der siet net ien yn. Nou tinke se, dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
nl.verhalenbank.37834
Achter de iepenbiere skoalle op 'e Boelensloane is de Popkepoel. Dêr hearden se nachts faek it lûd fan in lyts bern út kommen. Dêr soe altyd in bern yn fordrinke, wie de hiting. Mar der is oan diz tiid ta noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.17662
35