Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: trouwen Place of Narration: Boelenslaan
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat. Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!" De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes. Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
In protte reizgen froeger nei de merken ta om dêr yn 'e swarte spegel to sjen. Dan krigen se de frou of de man to sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net, dan kom der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.21425
Ienkear haw ik by in wiersizter west. Dat wie lytse Kjille. Dy wenne doe yn 'e Hounestege yn Drachten. Sy seach my yn 'e hân. "Jo ha in faem," sei se, "mar dêr trouwe jo net mei." Dat is ek útkom. Ik ha trije jier forkearing mei har hawn, mar ik bin net mei har troud. "Jo sille ek noch sinten erve", sei se. Dêr leaude ik neat fan, hwant der wie by ús...
nl.verhalenbank.25267
Op 'e merken hienen se froeger ek faek in swarte spegel. Dy't dêr yn seach, koe de frou sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.25266
Yn Grins hienen jy in swarte spegel. As jo dêr yn seagen en jo wienen noch net troud, dan seagen jo dêryn dejinge, mei hwa't jo trouwe soenen. As jo net trouwe soenen, dan krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.27277
Froeger wie der op 'e merken yn in tinte in swarte spegel. Dy't der yn seach krige de byltenis to sjen fan syn takomstich wiif. Troude er net, dan kom der in deadskiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.17674
Gerke Veenstra wie in forwoest man. Syn earste frou wie dea. Doe troude er wer. Willemke hiet syn twadde wiif. As er jouns by syn wiif op bêd lei, hearde er hiel dúdlik klopjen op it bêdsbuordtsje. Syn wiif hearde it net, hy allinne. It wie syn earste frou, dy't kloppe. Hy hie har net sa moai bihandele. It klopjen bigong altyd krekt om deselde tiid. Doe...
nl.verhalenbank.28334
Yn Surhuzum wenne in âld smid. De Boer skreau er him. Hy wie duvelbander. Der wenne ek in âldfeint yn Surhuzum, dy hiet fan Jan. Griet wie syn húshâldster. Griet sei: "Jan, ik gean maeije by dy wei." "Soa," sei Jan. "Jan," sei se, "ik gean nou by dy wei." "Goed," sei Jan. 't Wie Griet der om to rêdden Jan to krijen, mar Jan nom in oare hûshâldster. Dat...
nl.verhalenbank.21716
Hjir wennet in âld-feint oan 'e Spekloane. Dat is greate Miente (Taekema). Dy hat us in kear foar de swarte spegel stien. Doe krige er in deakiste to sjen. Doe hat er letter noait trouwe doarst. Hy hat wol omgong mei froulju hawn, mar hy is altyd âld-feint bleaun.
nl.verhalenbank.24874
Froulju gongen froeger wol foar de swarte spwegel stean op 'e merk yn in tinte. As se de kiste krigen to sjen, dan soenen se net trouwe. Meastal krigen se it portret fan 'e takomstige man der foar en sy waerden ek gewaer hoefolle bern se ha soenen. De froulju seinen der in spreukje by op, dat sa bigong: Laat mij de man eens zien (dêr't se mei trouwe...
nl.verhalenbank.19306
Doe't Piter Scheper stoar [yn] 1951 kom syn dochter Sjoukje yn it hûs to wenjen. Hja wie troud en hie in pear bern. Earst gong it goed, de man hie fytsmakkerije, mar op 't lêst wie 't allegear forkeard. Hy wie net earlik tsjinoer syn frou, sy hienen faek rúzje en al sa mear. Op in nacht woarde der yn dat hûs op it aambeeld slein en der woarde mei de...
nl.verhalenbank.24912
35