Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: trekken Place of Narration: Boelenslaan
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
Der wienen bern, dy woarden mei de helm geboaren. As dy helm omleech lutsen woarde, mei de geboarte, dan moesten dy bern alles sjen. Lutsen se de helm omheech, dan net.
nl.verhalenbank.21898
Minse Griper en syn kammeraat hienen togearre sa'n toverboek kocht. Sy retten der om by hwa't it boek wêze soe. Doe wie myn omke sa ûngelokkich, dat hy der oan fêst rekke. Hy koe 't noait wer kwyt wurde. As er it forbrânde, dat joech him neat. Hy hat der sa lang as er libbe oan fêst sitten.
nl.verhalenbank.17647
Us beppe Antsje wie kaertlizter, har suster Tryn, ús mem Klare en ik bin it ek. Mem hat it my leard. Lûkt men klaveraes, dan tsjut dat op fortún. Lûkt men klaveracht, dan tsjocht men nei de frjemdte.
nl.verhalenbank.17732
Sterke Hearke hat us by in boer op it Bomkleaster pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. De boer woe 't net leauwe, doe't se it him fortelden, mar doe is er der hinne gien en doe seach er in pear soallen fan skuon op 'e skerne lizzen. Hy naem se yn 'e hannen. Dy soallen wienen fan Hearke syn skuon. Dy wienen der ûnder 't lûken ûnderwei barst.
nl.verhalenbank.21208
By Bindert Japiks stie in foer dong by de skerne yn 't skerngat, dat koenen de hynders der net út weilûke. Doe sei Hearke: Ik sil 't wol dwaen. Hy heakke de hynders út en luts allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36196
Hearke wie boerearbeider by Kloosterman op it Bomkleaster. Doe soe it hynder dêr ris in weinfol dong út it skerngat lûke, mar it beest koe de skrip net krije. Doe gong Hearke by it tiksel stean en luts de wein der allinne út.
nl.verhalenbank.28169
Dikke Wytse wenne op 'e Trije Roede. It hûs stiet der noch. Syn namme wie Wytse Landheer. Op in dei yn 'e hjerst wie er oan 't jirpeldollen. De jirpels kommen fuort op 'e wein. Der bleau nachts net in jirpel op 't lân lizzen fanwege dieverij. Doe't Wytse de wein fol hie, koe 't hynder it net lûke. Syn soan Jan hied er by him. Wytse en Jan skouwe togearre...
nl.verhalenbank.25102
Op it Bomkleaster by de Kloostermannen wienen se oan 't dong opladen út it skerngat wei. Der stienen twa hynders foar de wein. De hyns soenen 't der útlûke, mar doe rekken de stringen stikken en ien sile gong stikken. De hyns koenen de dong der net weikrije. Doe wie Hearke der oan kom. "Hwat spektakel ha jim dêr?" hied er frege. De boer sei: "De bliksemse...
nl.verhalenbank.25099
Myn heit fortelde, dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren. heit seach it, by de bifalling. Heit die him der gau ôf. Hy loek him nei ûnderen ta. Hy hat him forbrând. Dokters knoffelen de helms froeger faek achterút. Dan forkochten se dy oan ofsieren yn 't leger. Wurdt de helm by 't ôfnimmen omheechlutsen,...
nl.verhalenbank.24877
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op 't Bomkleaster. Doe moest it hynder ris in kear in foer stront út it skerngat lûke. Mar dat hynder koe 't net oprêdde. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels foar 't tiksel stean. Hy skuorde allinne de wein mei stront der út. Sa sterk wied er.
nl.verhalenbank.27602
Sterke Hearke dy luts pûrallinne in foer stront út it skernegat wei.
nl.verhalenbank.23935
Op 't Bomkleaster mat er boerearbeider west ha. Dêr hat er pûrallinne in weinfol dong ta 't skerngat útlutsen, doe't de hynders it net rêdde koenen.
nl.verhalenbank.32237
Der binne wol bern, dy wurde mei de helm geboaren. Ik bin der sels ien fan en ús heit ek. As se de helm nei ûnderen lûke, krije dy bern noait hwat to sjen, mar lûke se him nei boven, dan matte se alles sjen. Dy helms binne ôfgryslike djûr. En dat is neat gjin wûnder. Hwant as steane der fiif en twintich man tsjin jin oer mei in laden gewear en dy wolle...
nl.verhalenbank.17659
Heit en mem (Thomas en Klare) stienen froeger faek mei in kream op 'e merken. Op in kear doe wienen se op 'e weromreis hjir hinne. Sy hienen alles op in karre laden en dêr roannen fjouwer hounen foar. Doe't se oan dizz' kant Eastemar wienen, woarde de karre mei alle hebben en houden, mei de hounen der by samar fan 'e wei tild oer beammen en alles hinne en...
nl.verhalenbank.17658
35