Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Boelenslaan
As se in apel of sa fan Myt krigen, dy smiten se wer fuort. Hwant as se dy opieten krigen se in pod yn 't liif, seinen se. Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. En sy stutsen it bern mei spjelden, dat dienen se dan thús. Hie it bern trije krânsen yn 't kessen, dan gong it dea.
nl.verhalenbank.37846
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. As se der op út is, leit har pânse op bêd. As se dêr yn pripkje, dan is de tsjoenster dea. De tsjoensters hâlde soms forgaderingen. Dan foroarje se har earst yn katten. Dan binne 't krekt in keppel bern en dan prate se hiel drok mei elkoar. Dan bisprekke se ûnder elkoar hwa't se bitsjoene matte.
nl.verhalenbank.28519
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west. Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle. "Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar. Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op. "Skeatstû noch?" sei Baeije dan. "Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it...
nl.verhalenbank.24697
Alde Rikele Myt fan 'e Skieding wie in echte tsjoenster. In suster fan ús heit hie in bern oerwoun. Dat bern bleau by pake en beppe yn 'e hûs. Op in kear wie beppe to praten by Rikele Myt. Hja naem it bern mei. It bern wie de oare deis sa siik as in houn. It is net wer better woarn, 't is stoarn. Alde Myt hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.37779
6