Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: rogge Place of Narration: Boelenslaan
De spitketen hjirre wienen mei liem birape. Dêr dienen se wol roggemoal troch fanwege tsjoenderije.
nl.verhalenbank.25817
Der hat is in boer west, dat wie in widner. Nachts kaem der faek in nachtmerje by him, mar doe gong er us in kear hinne op oanrieden fan in oar, dat hy lei in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd del. Doe koe de nachtmerje net wer fuortkomme. Hy hie har fangd. Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, siet hja by de tafel. It wie in knap frommeske. De...
nl.verhalenbank.17640
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe. Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich. Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
Wol men der wis fan wêze, dat men in dier rekket, dêr't men op sjit, dan mat men hinnegean en krij in skoat hagel en doch dêr hwat rogge boven op. Dan sjit men net mis.
nl.verhalenbank.25815
Rogge is heilich. Us mem sei altyd: in roggebrogge is in heilige brogge.
nl.verhalenbank.17653
Myn âld-omke dat wie Minse Griper. Dy hat hjir skeanoer wenne. Hy liet soldaetsjes út 'e hurddobbe komme troch út in toverboek to lêzen. Dan liet er dy soldaetsjes marsjeare. Wylst er itselde weromlies, gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn. Mar op in kear doe koed er dat net fluch genôch dwaen. Syn wiif, dat wie Tryn Snipel (in suster fan Antsje...
nl.verhalenbank.17645
Wienen de bern tichte by 't wetter, dan seinen de minsken: "Tink der om, aenst lûke de kikkerts dy der yn!" Kommen se yn 'e hjouwer of de rogge, dan seinen se: "Aenst pakt Antsje Pluk dy!" Wienen se jouns let bûten en woenen se net op bêd, dan woarde der sein: "Aenst pakke de nachtdieven dy!"
nl.verhalenbank.28161
Op 'e ein fan 'e kerl fan 'e rogge stiet de beeltnis fan in heilige. Op 'e nije kerl is dat skoan to sjen.
nl.verhalenbank.25109
Fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. As mem de nachtmerje krige, sei se, hja hearde de rokken wol ritseljen. Dan foel der hwat op har del. Hwat rogge yn 'e klompen dwaen helpt, seinen se. Sy hongen ek wol flear foar 't bêd. (flearstokken)
nl.verhalenbank.25108
In nachtmerje, seit men wol, is ien fan sawn dochters, mar 't is ek wol us in ienlingsdochter. Sa'n ien hat my pleage. Ik koe har wol. Ik hearde har nachts oankommen. Sy roan op 'e teannen. Dan kom se nêst my en even letter siet se my op 'e hals. Hoe raer ik dan wie - ik koe neat sizze. Ik haw har forsward en doe hat se der noait wer west. Roggemoal...
nl.verhalenbank.17630
Lytse Bjinse fan Sumar wie in duvelbander. 't Wie in lyts roungear gebrekkich keardeltsje. Hwannear't de skiep net drachtich wurde woenen of as de hinnen nachts bigounen to keakeljen, dan hellen se him der wol by. Hy kom mei de karre, twa dikke hounen der foar. Hy lei op 'e knibbels yn 'e karre. Hy sei tsjin 'e hounen: "Jimme matte rinne, as sit de duvel...
nl.verhalenbank.25303
Rogge is heilich. Rogge woarde faek brûkt tsjin tsjoenderij. Mar de minsken droegen tsjin it tsjoenen ek wol in pûdtsje mei duveldrek op it boarst. Guon binaeiden roggekerrels yn 'e klean, mar altyd in oneven getal. As men gjin tsjoenster yn 'e hûs ha woe, moest men de klompen ûnrjocht foar de drompel sette.
nl.verhalenbank.16043
As men op 'e duvel of syn hantlangers sjitte wol, dan mat men rogge yn 't gewear dwaen, oars binne se net to reitsjen.
nl.verhalenbank.16040
Docht men in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel, dan kriget men gjin lêst fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25110
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
35