Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Boelenslaan
Myn omke sette altyd de klompen omkeard foar de bêdsdoarkes del. Dêr koed er de nachtmerje mei keare, sei er.
nl.verhalenbank.25662
Us heit hat faek lêst hawn fan nachtmerjes. "Ik ha wol sa faek prebearre ien to fangen", sei er. "Dan lei 'k klear. Dan sei 'k by my sels: - As der nou aenst ien komt, dan sil 'k har pakke. Dan ûntkomt se my net." Mar hy hat noait ien fange kind.
nl.verhalenbank.21548
De minsken hienen froeger faek lêst fan nachtmerjes. In nachtmerje siet krúst op jins liif, mei 't gesicht flak by jin. De nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in man by in frou en yn 'e gedaente fan in frou by in man.
nl.verhalenbank.27266
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Ik wie by mem en dy yn 'e hûs. Alle nachten hie ik hinder fan 'e nachtmerje. As ik op bêd lei hearde ik de bûthúsdoar súntsjes iepengean. Earst woarde de ring optild, dan hearde ik de klink fan 'e doar. As dan de nachtmerje oan 'e keammerkedoar ta wie, lei ik al yn ûnmacht. Op in kear nom ik my fêst foar, ik woe har nei. Ik hie de earm boven de tekkens en...
nl.verhalenbank.19594
Der hat is in boer west, dat wie in widner. Nachts kaem der faek in nachtmerje by him, mar doe gong er us in kear hinne op oanrieden fan in oar, dat hy lei in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd del. Doe koe de nachtmerje net wer fuortkomme. Hy hie har fangd. Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, siet hja by de tafel. It wie in knap frommeske. De...
nl.verhalenbank.17640
7