Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: lijkstoet Place of Narration: Boelenslaan
Thomas en Clare rieden mei de hounekarre. Doe passearde der in lykstaesje, dy't se net seagen. Sy woarden mei karre en al yn 'e berm set. Doe't de lykstaesje foarby wie koenen se wer fierder.
nl.verhalenbank.27580
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
nl.verhalenbank.28089
It wie yn 'e Harkema op in joune, moai let, tsjin 'e nacht oan. Ik wie by in ploechje jongfolk, dêr wie Taeke Postma ek by. Wy wienen op 'e Boskreed, dy't nou forhurde is. Doe sei Taeke ynienen: "Even oan kant, jonges, der komt in lykstaesje oan." Wy gongen allegear oan kant wylst dy lykstaesje passearde, mar net ien fan ús, bihalve Taeke, dy't hwat...
nl.verhalenbank.28088
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Yn 'e Harkema roannen op in nacht twa mannen neist elkoar lâns. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Kom hjir hwat hinne, de wei mat frij bliuwe." "Hwerom?" frege de oare, mar hy gong oan kant. De oare woe neat sizze en bleau stean. Even letter fortelde er it. "Der wie in lykstaesje op 'e wei. Dêrom moesten wy oan kant." Mar syn maet hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.21541
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema. De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle. Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
nl.verhalenbank.21540
Us heit en dy hienen in houn. As der in lykstaesje oankaem, siet dy houn even fan tofoaren to gûlen. Dan siet er op 'e hoeke. Dat die er grif alle kearen.
nl.verhalenbank.24374
Achter de Poel op 'e Boelensloane wenne âlde Elske. Dy moest fan alles sjen. Nachts kom se faek út bêd wei en dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.17581
Tiense Boomsma hat hjir wenne. Dy wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.21419
Yn Surhuzum wenne Rapke Wijma. 't Wie famylje fan 'e bikende klokmakker fan Eastemar. Hy wie âld-feint. Ik gong jouns wolris mei him to kuijerjen. Op in joun doe wie 'k wer by him, doe sei er ynienen tsjin my: "Nou mast fan 'e wei ôfkomme." "Hwerom mat ik dat?" sei 'k. Hy sei: "Der komt in lyk oan. 'k Sil dy moarn wol sizze hwa't it is." Ik sei:...
nl.verhalenbank.25261
Der wie ien op 'e Loane dy hie fan tofoaren in lykstaesje sjoen. Mar dat wie hiel eigenaerdich, hwant it wie dy nachts blêdstil waer. Mar de minsken dy't by dy lykstaesje wienen hienen de huodden en petten fêsthâlden en de regenkleden fan 'e froulju waeiden en wapperen alle kanten út. Sy wienen der skjin forlegen mei. Dy lykstaesje wie op 't tsjerkhôf fan...
nl.verhalenbank.24383
Net midden op 'e wei rinne, yn 'e nacht. Hwant dêr kin ris in lykstaesje oan komme. Dan wurdt men oan kant set of in meter of hwat fuortsmiten.
nl.verhalenbank.36185
It gebeurde froeger yn 'e Boelensloane noch al us dat in minske op 'e wei samar oan kant set woarde. Dan passearde der in lykstaesje, woarde der sein.
nl.verhalenbank.21413
Yn Sweagerbosk (by de Westerein) hie ús mem (Thomas Klare) in âld man yn 'e kost. Dy wie tige krebintich. Mar wie der in lykstaesje yn 'e buert op komst, dan moest hy dy fan tofoaren sjen. Hy koe hast net mear út bêd komme, sa knoffelich wied er. Hy tûmele der út. Dat gebeurde samar midden yn 'e nacht. Hy woarde dreaun. Hy mòest it sjen.
nl.verhalenbank.19602
Lykstaasjes Myn pake en beppe, âlde Alle Bijma en Fokje, wennen yn 'e Harkema. Op in kear stienen se efter 't hûs te praten mei Kees Arjens. Ynienen sei beppe: 'Sjoch, dêr komt in Iykstaasje oan! Sjoch, twa mei hege huodden op—fiif manlju en trije froulju'. Se wienen al oan 't Skeanpaad ta, doe sei se: 'Hea, dêr gean se skeanoer!' 'Dat kin net', sei pake....
nl.verhalenbank.12970
Hjir yn 'e Boelensloane wennet Boardzer Bruining. Dy moest altyd lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.27601
As wy jouns let noch om boadskip moesten foar ús mem om foar 2 sinten griene oalje to heljen om dêr in ierappel yn to brieden, sei se: "Pas op, bern tink der om en rin yn 'e berm. Dêr kin jim ris in lykstaesje tomjitte komme."
nl.verhalenbank.32224
Kij de Vries fan 'e Boelensloane wie us op in snein nei syn faem Anne ta west, dy wenne yn Beets. Let yn 'e nacht kom er werom. Doe't er yn 'e Rottefalle wie, woarde er dêr in lykstaesje gewaer. Sy hâldden him dêr beet, mar hy koe net sjen hwa. Hy koe foar - noch achterút.
nl.verhalenbank.28322
35