Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: komen Place of Narration: Boelenslaan
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net. Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
To Hurdegaryp wie in hekke, dêr is ús heit, doe't er noch bargekoopman wie, faek by lâns kom. Dy hekke koenen se ûnmooglik ticht hâlde, sei heit. Heit hie de hekke noch noait in kear ticht sjoen.
nl.verhalenbank.37781
Boardzer Bruining seach altyd lykstaesjes oankommen. Us âlden warskôgen ús altyd: by nacht altyd oan kant bliuwe, noait midden op it paed rinne. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37849
Mei Skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.37854
Trape der ien op in pod dan kom der tonger. Ek as se in kikkert deamakken.
nl.verhalenbank.37852
Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.
nl.verhalenbank.37850
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kamen twa man by him. "Hwer wennet hjir sterke Hearke?" fregen se. Doe sei Hearke: "Nou sil ik jim sizze, hwer't Sterke Hearke wennet." Doe hie er de ploech optild en dêr mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37835
Der wienen minsken, as dy oan 't kaertspyljen wienen, lieten se in flesse mei drank komme. Se joegen skoppenboer oan 'e duvel en dan brocht de duvel har even letter de flesse drank.
nl.verhalenbank.37774
35