Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: kleding Place of Narration: Boelenslaan
Yn 'e Boelensloane oan 'e hoofdwei, dêr't nou R. Veenstra wennet is in poel, dy wie froeger wol fjouwer kearen sa great. Ien hat sjoen dat dêr in famke yn forsûpe soe mei in reade trui oan en in blau rokje. Dyselde hat it bern 'help!' roppen heard. Mar der is noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.28314
De moedige dienstmeid van Oostermeer Sa wie it hjir op it Rûchsân, dêr tsjinne in feam by in boer. En dy boer hie in soan, mar dy faem har feint stjert. Der sitte se op in joun bymekoar. Mar op it Rûchsân is it paedtsje sa djip dêr. Dat dan moatte se de foet op it ding sette en doe lei har feint by it paedtsje bigroeven. Doe sei de soan tsjin har: Dû...
nl.verhalenbank.10852
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
Ien dy't in himd oan hat, dat op snein naeid is, dy kin net stjerre, as er op stjerren leit. Dêr mat earst in knip yn.
nl.verhalenbank.17733
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
As der ien stoarn wie, dan woarde alles hwat der oerbleau lyk as in stik deadslekken, in nuddel, de tried en al sa mear opbrând. It skearmês, it horloazje, de seinen, de klean en al it oare waerd forhongen en forlein. Oars wie 't neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.17345
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west. Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle. "Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
Ien dy't op syn stjerbêd hwat oan hat, dat op snein naeid is, kin net stjerre, sizze se. Dan mat der in knip yn dien wurde.
nl.verhalenbank.21418
Alde Lyske wenne op 'e Bulten yn 'e Harkema yn 'e Malmoune (een vierkant huis voor vier gezinnen). Dy wie by ús to praten, doe wennen wy op 'e Bulten. 't Wie al aerdich let op 'e joun, doe gong Lyske by ús wei, mar even letter, dêr wie se al wer. Wyt om 'e holle en alhiel fan 'e wize. Sy hie in swart ding sjoen mei in great kleed om. En dat rattele...
nl.verhalenbank.28154
Ien dy't tige siik wie en op stjerren lei koe soms net stjerre. Dan moesten se hinnegean en knip even yn ider kledingstikje, dan koe dyselde rêstich fuortgean.
nl.verhalenbank.25301
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
Sipke Alberts wie in great fékoopman. Mar dat hat er net altyd west. Yn froeger tiden siet er krap by kas. Hy hie in greate húshâlding en werke woe er net. Hy slachte wrak fé en dat sutele er dan út. It gebeurde us dat er yn in dronken bui, doe't er mei de Feanster boat nei Ljouwert west hie en wer nei Grinzer Pein ta roan, krekt even foarby café De...
nl.verhalenbank.25304
Rogge is heilich. Rogge woarde faek brûkt tsjin tsjoenderij. Mar de minsken droegen tsjin it tsjoenen ek wol in pûdtsje mei duveldrek op it boarst. Guon binaeiden roggekerrels yn 'e klean, mar altyd in oneven getal. As men gjin tsjoenster yn 'e hûs ha woe, moest men de klompen ûnrjocht foar de drompel sette.
nl.verhalenbank.16043
As ien net stjerre koe woardde der frege of er ek hwat oan him hie dat op snein makke woarn wie. 't Is wol gebeurd, dat der ien of mear knopen oan 'e klean sieten, dy't der op snein oan set wienen. Dan woarden dy knopen der ôfsnien. Oars koe dyselde net stjerre.
nl.verhalenbank.24876
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
As minsken net stjerre kinne, wurdt der faek frege: "Hat er ek hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is?" Se dogge dan in knip yn it klaeijingstik en dan is it goed
nl.verhalenbank.17675
Eeuwe Broersma fan Grinzer Pein krige yn novimber 1918 de Spaense gryp. Hy moest fuort, mar hy koe net ta stjerren komme. Hy hie hwat op syn geweten. Wit hoe lang hat er mei de dea omkrúst. Op 't lêst bikende er hwat er dien hie. Hy hie in winkel en nou hied er minsken bidondere mei 't forkeapjen fan minne hoazzen. Doe't er it bikend hie, wied er samar dea.
nl.verhalenbank.28525
Ik hie in muoike yn Houtigehage, dy hie bot rimmetyk. Doe fangde se in levende pod en dy binaeide se yn 'e seame fan 'e rok om 'e middel hinne. Dy pod bleau dêr twa, trije maenden sitten. Hie se wer in protte lêst, dan fangde se wer in pod. De âlde toarnde se der út en de nije kom der foar yn 't plak. Traepje noait op in pod of in kikkert, oars bigjint it...
nl.verhalenbank.27605
35