Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: kerel Place of Narration: Boelenslaan
Op Bearne-daem tusken Boelensloane en Surhústerfean spoeke it altyd. Dêr roan geregeld in keardel om yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.17678
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd. In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Wy wennen op Readskuorre. Wy koenen de Skeanpaden lâns nei de Hamsterheide, mar dat mochten wy net fan ús mem, hwant it spoeke op 'e houtsjes. De Achterwei mochten wy ek net del, hwant dêr siet altyd in lyts keardeltsje op 'e leider, seinen se. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17595
Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels. "Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom. Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat. Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder...
nl.verhalenbank.25254
Greate Germ dat wie in domme keardel. Op in kear wie der op in joun mei syn soan Mindert op 'e Trije Roede. Doe sieten der twa skiep oan 'e line. Mar dat koe Mindert net ûnderskiede. "Dêr is hwat, heit", sei er. De skiep gongen hinne en wer. Germ sei: "Sweeft it, Mindert?" "Ja", sei er. "Set dan sok." Dêr fleagen se hinne.
nl.verhalenbank.17631
Alde Hindrik IJe (Jehannes potkarre syn skoanheit) wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Dy roan mei 't pak. Hy hie in fluwielen sek op 'e rêch, dy wie mei koarden ticht strûpt. Hy wie in greate foarse keardel. Op in joun soed er nei hûs ta. Hy wie sahwat oan 'e Staetsskoalle ta dêr't de Singel bigjint. Doe stie dêr oan 'e kant fan 'e hage in keardel....
nl.verhalenbank.21215
7