Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: kar Place of Narration: Boelenslaan
Thomas en Clare rieden mei de hounekarre. Doe passearde der in lykstaesje, dy't se net seagen. Sy woarden mei karre en al yn 'e berm set. Doe't de lykstaesje foarby wie koenen se wer fierder.
nl.verhalenbank.27580
Winterdeis flochten wy thús matten. Mem sutele se faek út mei de karre, mar heit ek wol us. Heit hie ûnder tsjinst by de jagers west en koe de hiele soldaterije. Heit ried us mei de mattekarre fan Boelensloane nei Holwert. Hy soe nei 't Amelân ta. Hy wie tusken Dokkum en Holwert yn mei de karre. 't Wie likernôch yn 1907. Der kommen greate wolkens oan 'e...
nl.verhalenbank.21722
Yn Mearum (= Marum Gr.) wenne in man dy bileefde ek altyd nuvere dingen. Tominsten neffens syn sizzen. Hy hiet fan Leffert Boonstra en wie koopman. Hy ried mei de hounekarre nei Grins. "Op in kear," sei er, "hie 'k safolle handel, dat ik moest alles opstapelje op 'e karre, de iene kiste op 'e oare. Hinnen en kninen en biggen en neam mar op. It wie in...
nl.verhalenbank.27592
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre. As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
By Bindert Japiks stie in foer dong by de skerne yn 't skerngat, dat koenen de hynders der net út weilûke. Doe sei Hearke: Ik sil 't wol dwaen. Hy heakke de hynders út en luts allinne de wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36196
Lytse Bjinse fan Sumar wie in duvelbander. 't Wie in lyts roungear gebrekkich keardeltsje. Hwannear't de skiep net drachtich wurde woenen of as de hinnen nachts bigounen to keakeljen, dan hellen se him der wol by. Hy kom mei de karre, twa dikke hounen der foar. Hy lei op 'e knibbels yn 'e karre. Hy sei tsjin 'e hounen: "Jimme matte rinne, as sit de duvel...
nl.verhalenbank.25303
Hearke wie boerearbeider by Kloosterman op it Bomkleaster. Doe soe it hynder dêr ris in weinfol dong út it skerngat lûke, mar it beest koe de skrip net krije. Doe gong Hearke by it tiksel stean en luts de wein der allinne út.
nl.verhalenbank.28169
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
Sterke Hearke dy luts pûrallinne in foer stront út it skernegat wei.
nl.verhalenbank.23935
Wy wienen foar de poepen oan 't wurk yn 't Joadefjild oan dizze kant Mearum. 't Wie yn 'e oarloch. Doe kom der in ekster op ús ta, dy bleau op in pear meter fan ús ôf. Wopke Hoekstra, in maet fan my, sei: "Der komt aenst hwat to dwaen." Hwant dy ekster skattere mar. Hy woe hwat fortelle. Gjin healûre letter kommen der greate weinen oan fan 'e poepen. Dêr...
nl.verhalenbank.28086
Heit en Durk Bolwyn gongen der togearre wol mei de karre op út om matten to forkeapjen, dy't se sels makke hienen. Sy skouden de karre om beurt, de oare siet dan op 'e karre. Mar doe't se op in kear tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs wienen, gong de karre almachtige swier en 't rattele yn 'e speaken, dat de iene die de oare in forwyt. Mar gjin fan beiden...
nl.verhalenbank.17673
Der wienen ris guon oan 't laden mei dikke swiere ikebeammen. Hja wienen mei in man of fjouwer mar se koenen de stammen net op 'e wein krije. Se hienen der gjin kracht genôch foar. Doe kom Hearke der oan. Doe fregen se Hearke of dy har helpe woe, dan soed er trakteard wurde. Doe hufte Hearke dy beammen op 'e wein, hielendal allinne sûnder help. Mar doe't...
nl.verhalenbank.36052
Heit en mem (Thomas en Klare) stienen froeger faek mei in kream op 'e merken. Op in kear doe wienen se op 'e weromreis hjir hinne. Sy hienen alles op in karre laden en dêr roannen fjouwer hounen foar. Doe't se oan dizz' kant Eastemar wienen, woarde de karre mei alle hebben en houden, mei de hounen der by samar fan 'e wei tild oer beammen en alles hinne en...
nl.verhalenbank.17658
35