Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: hout Place of Narration: Boelenslaan
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
nl.verhalenbank.28329
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Imke wie ris by in boer achter Ljouwert yn 'e ûngetiid. It wie op in dei dat it reinde en 't wie gjin heawaer. Dêr stie in greate houtbult op it hiem en de boer sei tsjin Imke: "Dû kinst wol bigjinne to houtsaegjen, dan hast hwat to dwaen." De boer gong yn 'e hûs. Doe't er efkes letter wer bûten kaem wie alle hout al sage.
nl.verhalenbank.32228
Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del. In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek...
nl.verhalenbank.17635
Wy wennen op Readskuorre. Wy koenen de Skeanpaden lâns nei de Hamsterheide, mar dat mochten wy net fan ús mem, hwant it spoeke op 'e houtsjes. De Achterwei mochten wy ek net del, hwant dêr siet altyd in lyts keardeltsje op 'e leider, seinen se. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17595
Syn soan Jan wie ek ôfgryslike sterk. Dy woarde fan al it swiere tillen miswoechsen. By de klompmakker koft Jan Landheer in pear nije klompen. Hy paste se. "Binne se goed sterk?" sei er. Doe die er ien oan 'e fuotten en sloech der mei de fûst op. De klomp spjalte fuort midstwa.
nl.verhalenbank.25104
35