Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: hoofd Place of Narration: Boelenslaan
Der wie in faem, dy wie o sa moedich. Hja tsjinne by in boer en boerinne. Dy wienen us fuort togearre. Doe bleau dy faem allinne thús. Dy moest op it hûs passe. Doe kommen dêr dy nachts rovers. Der siet in gleske yn 'e doar. Ien fan 'e rovers die dat iepen en stuts syn holle der troch. De faem houde mei in swurd de kop der ôf en sette dy kop op 'e tafel....
nl.verhalenbank.19309
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen. As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Op 'e Skieding (by Grinzer Pein) is us ien formoarde. Myn wiif komt dêr wei. De post kom by ús en fortelde 't. Wy der hinne. It minske lei yn 'e kelder. Sy hienen har mei in bile de holle ynslein. Der sieten bloedplakken op 't sket. Dy koenen se der net wer wei krije. Mei gjin semint. Dy bleauwen sitten.
nl.verhalenbank.23939
Greate Jasper (= J. Veenstra) hie in synwetterbult op 'e holle sitten. Hy hie allegearre jonges (ien wie in wjerwolf). it gong dêr by Jasper en dy snein-to-moarns altyd op in pikjesjitten. Snein-to-middagen dan plichte Jasper altyd to kaertspyljen. Dan forlear hy hast altyd. Op in snein-to-joun, doe't er nei hûs ta gong, sei er by himsels: "Nou woe 'k...
nl.verhalenbank.25812
Akke Kaert lei de minsken altyd de kaert. Mar heit fortelde doe't it mei har ôfroun wie siet de kop achterstefoar op 'e romp. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.24377
Foppe Sint (=Foppe Ophuis; ien út in tsjoensterlaech) wenne yn 'e Harkema. It wie myn pake. Hy hie in wikseldaelder en se seinen ek dat er him oan 'e duvel forkocht hie. Hy praette net fris. Op in kear wied er by ús, doe wie ik noch in famke. Hy woe sitten gean en doe luts ik gau de stoel achter him wei, doe foel er achteroer oer de flier. "O heden...
nl.verhalenbank.17594
't Gebeurde froeger faek dat bern bitsjoend wienen. Dat koenen se witte oan 't kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Sieten dêr krânsen yn, dan wie 't sa. Meastal wie de tsjoenster in âld minske. By nacht wie 't in swarte kat. Dy kat koenen se noait deameitsje. 't Gebeurde wol dat se mei in stik ark nei sa'n kat smieten. Dan hie 't âld-minske de oare...
nl.verhalenbank.37771
Op 'e Veenhoop stie in boereplaets, dat wie de Flearbosk. Dêr wenne in boer mei syn húshâldster. Der kommen op in joun twa man, dy woenen dêr graech sliepe. Dat mocht wol. Mar even letter hearden se wèr guon oankommen. It wienen sawn rovers. De boer tocht net oars of it wienen hantlangers fan 'e beide oaren. Hy tinkt: de fyân binnen en de fyân bûten. Hy...
nl.verhalenbank.21728
In frou dy't yn forwachting is mei net ûnder 'e leider trochrinne. Hja mei ek net ûnder 'e line troch. En hja mei de beide hannen ek net boppe de holle stekke, wòl ien hân.
nl.verhalenbank.26108
Myn pake Bauke Bijma mat ôfgryslike sterk west ha. Hy gong by de souder op mei ûnder elke earm in sekfol sied, op 'e holle in sekfol sied en dan noch yn elke hân in sekfol sied. Mei fiif sekfollen sied roun hy by de souder op.
nl.verhalenbank.32779
35