Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
54 datasets found
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Boelenslaan
It spukgûlen fan in houn, it geskatter fan eksters, en it rare lieden fan in klok binne oanwizings fan in sterfgefal.
nl.verhalenbank.21906
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn. Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
Alde Ritske van der Meer hat my ris forteld, der wie him ris in keardel yn 'e mjitte kaem mei in hege hoed op en in lyts hountsje by him. Dy gong flak foar him stean en woe net út it sté gean. It wie in skynsel. Ritske wie hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.17332
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se. Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
By 't Spûkeloantsje oan 'e Folgersterwei wie froeger in hountsje, dat kom by de minsken dy't dêr lâns gongen en dat roan stiif tsjin harren oan, oan 'e side, ûnder 'e earm lâns. Dat koenen se net wer kwyt wurde. It wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.28138
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Myn oerbeppe wie us allinne thús. It folk wie it lân yn. Doe kom der in poep by de doar, dy 't frege om foar in dûbeltsje spek. Beppe doarst it net to krijen, hwant hy koe har wol yn 'e kelder opslute. Dêrom bea se him in dûbeltsje oan, mar dat woed er net ha. Hy hâldde mar oan, hy woe spek ha. Der siet in forskuorrende houn oan 't ketting, dat wie Mops....
nl.verhalenbank.21725
By 't Spoekereedtsje oan 'e Folgerster loane spoeke altyd in dikke houn.
nl.verhalenbank.25257
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre. As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583
Der wie in man ûnderweis en der wie ek in frou ûnderweis. De man hie in teefke by him, de frou in hountsje. De man en de frou bleauwen by elkoar stean. It hountsje bleau ek stean, it slikke it teefke om'e kont hinne. De man en de frou seagen it en de man sei tsjin 'e frou: "Sa moesten wy èk nochris." Doe sei de frou: "Dat kin wol. Dan matte jo mar op in...
nl.verhalenbank.27912
Us heit en dy hienen in houn. As der in lykstaesje oankaem, siet dy houn even fan tofoaren to gûlen. Dan siet er op 'e hoeke. Dat die er grif alle kearen.
nl.verhalenbank.24374
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen. Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe. Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!" Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
Der wie in juffer, dy hie in teefke. Dat hountsje koe se net bûten rinne litte, hwant it wie loopsk. "Hwat mat ik dêr oan dwaen", sei se tsjin har buorman. "Jo matte 't hountsje benzine op 'e kont dwaen," sei dy, "dan bliuwe se wol by him wei." Dat die dy juffer doe, en sy gong mei 't hountsje to kuijerjen. Doe kom der har in dame tsjin, dy hie ek in...
nl.verhalenbank.27913
Fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs ta spûke in houn.
nl.verhalenbank.25655
Healwei de Boelenswei spoeke it. Ik bin dêr alris op in joun lâns kom, doe kom in greate, grouwe houn my nei. Ik ha sa hurd roan dat ik ha de ûnderdoar net iens iepenhawn, sa hurd stoude ik ta 't hûs yn.
nl.verhalenbank.36211
Us heit hie in suster, dy wie bitsjoend. Jouns kom der by heit en dy in grouwe houn foar 't finster. Dy sette syn poaten yn 't finsterbank en seach ta 't finster yn. Doe hat pake dan nei de duvelbander ta west. Ik wyt net mear hwa't dat wie, mar ik ornearje fan Frânse Hinke fan 'e Rottefalle. "Soa, binne jo dêr al?" sei se. "Jo woenen hjir oars noait...
nl.verhalenbank.17584
As in houn spûkgûlt komt der ien to forstjerren. Lammert wie in jonge fan Wolter Veenstra. Dy is forstoarn. Fóár syn dea hat de houn wol trije nachten spûkgûld. Doe't Lammert stoar wie't spûkgûlen oer. Yn Oerisel yn Oudleusen dêr hearde in frou de houn fan 'e buorlju spûkgûlen. Se hie der alhiel gjin erch yn dat dat ergens op doelde. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.17579
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
Tusken Blauhûs en de Boelensloane spoeket in swarte houn. Ik haw him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.17632
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld. Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde: "Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
35