Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: hekserij veranderen Place of Narration: Boelenslaan
Yn Grinzer Pein wienen minsken, dêr kom al us in kear in fremde kat. De man sloech der op. Fuort dêrnei hie Rikele Myt in iepene holle. Myt koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.25508
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen. Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe. Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!" Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen. De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
nl.verhalenbank.21893
6