Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: hek Place of Narration: Boelenslaan
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106
It izeren hek by it slot to Hurdegaryp kinne se net ticht hâlde.
nl.verhalenbank.17323
To Hurdegaryp wie in hekke, dêr is ús heit, doe't er noch bargekoopman wie, faek by lâns kom. Dy hekke koenen se ûnmooglik ticht hâlde, sei heit. Heit hie de hekke noch noait in kear ticht sjoen.
nl.verhalenbank.37781
Yn 'e Pein woenen us guon ynbrekke by in boer. Mar de boer fornimt hwat der to rêdden is en de mannen stoune fuort. Ien fan har soe oer in hekke. Mar de boer wie in flugge, linke keardel dat hy kryt him topakken en slacht him dea. It hiet letter, dat in koe de man op 'e hoarnen nom hie en sa dearekke wie, mar sa siet it net.
nl.verhalenbank.21727
To Hurdegaryp wie in izeren hekke, dy gong nachts om tolwe ûre altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.27587
It Godloas Tolhek tusken Drachten en Olterterp koe nachts noait ticht bliuwe. 't Wie de oare moarns altyd iepen.
nl.verhalenbank.36098
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy koenen se net sa fêst meitsje dat er ticht bliuwe koe. 't Wie in izeren homeije, hy stie altyd iepen.
nl.verhalenbank.24389
Yn Hurdegaryp by dokter Bontekoe stie de hekke nachts altyd iepen. Dat kaem, dokter hie alris forkeard guod jown. Dyselde dy't dat ynnaem hie wie dea rekke en koe de rêst net fine. Dy makke de hekke altyd iepen.
nl.verhalenbank.17026
Yn Hurdegaryp wie in hekke dy't samar fansels altyd iepen gong.
nl.verhalenbank.36205
Op 't tsjerkhôf to Ikkerwâld binne hekken, dy't altyd fansels iepen geane.
nl.verhalenbank.23940
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd fansels iepen. Der ha wol guon by west om op to passen, mar se koenen him net tichthâlde.
nl.verhalenbank.37855
De hekke to Hurdegaryp.
nl.verhalenbank.21415
To Hurdegaryp by Bennema-state koenen se nachts de hekken noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.32244
Yn Hurdegaryp is in homeije, dêr giet de hikke altyd samar fansels fan iepen. Net ien wit hoe't dat komt.
nl.verhalenbank.25489
To Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels iepen gong. Foar noch safolle net doarsten de minsken by nacht oan dy hekke to kommen.
nl.verhalenbank.21214
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech. In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
Ek ergens yn 'e Kompenije wie de hekke op 'e daem altyd iepen. Dat gebeurde samar fansels.
nl.verhalenbank.36097
Doe't myn âldste soan Wopke op in joun ta 't hûs út gong, woarde er by de homeije keard. 't Wienen allegear swarte keardels, sei er, hy koe der net troch. Hy soe fuort, mar doe is er wer ta de hûs yn gong. Nei alle gedachten hat dat in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.28290
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen. Mar ienkear hat IJe Wykstra dy hekke de hiele nacht ticht hâlden. Dy hat der doe by wekke. De kweade machten ha doe net by IJe komme doarst.
nl.verhalenbank.28285
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy't yn 'e nacht samar fansels iepen gong, ha 'k faek fortellen heard.
nl.verhalenbank.28318
35