Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Guon minsken wurde mei de helm geboaren. Sokken sjogge fan tofoaren bigraffenissen. Dat wie ek it gefal mei greate Tiense, dy't hjir yn Boelensloane wenne hat.
nl.verhalenbank.37778
Boardzer Bruining is misschien wel de merkwaardigste van allen. Hij zag er altijd erg bleek uit, zonder dat hem iets mankeerde. Daar wist hij profijt van te trekken. Wanneer hij bij de huizen langs trok met een schip in de fles, had hij ook nog een andere fles bij zich, die gevuld was met varkensbloed. Wanneer hij dan ergens had aangebeld op een boerderij...
nl.verhalenbank.17642
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema.
De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle.
Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
nl.verhalenbank.21540
Ien fan ús dochters wennet op Koatstertille. Sy krige in poppe en myn wiif rekke der hinne op bisite. De baekster wie der ek noch. De poppe lei boven. Dy wie siik. Dy wie lang net goed. It bern joech hiele rare lûden, it doochde lang net.
Myn wiif sei: "Dêr skilt hwat oan. Ik mei net oer sokke lûden."
Doe hearden se ynienen in eigenaerdige slach, krekt in...
nl.verhalenbank.21547
Myn suster hie in berntsje forlern. Wy hienen der fan op bigraffenis west. 't Wie yn 'e winter. Doe't wy wer thús wienen fan 'e bigraffenis wie 't tsjuster.
Myn frou sei: "Der hingje noch in pear lekkens bûten op 't bargehok. Dy sil 'k even ynhelje."
Hja gong der út, mar doe't se wer yn 'e hûs kom, sei se: "Nou is 't net bêst, nou is 't bêste fan 'e...
nl.verhalenbank.25326
Jan Hepkes wie us in kear yn Ljouwert om handel. Doe seach er dêr yn in strjitte in hiele protte minsken foar in hûs stean. Hy woe wite hwat dêr to rêdden wie. Doe hearde er, dat dêr wie in frou yn 'e hûs, dy moest bifalle. Mar de dokter koe 't net klear krije. 't Wie in joadin.
Jan Hepkes gong fierderop foar syn handel. Mar doe't er dêr mei klear wie...
nl.verhalenbank.21430
Tiense Boomsma hat hjir wenne. Dy wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.21419
Hjir wennen trije bruorren dy skreauwen har Dalstra. Dêr is noch skaei fan. Ien fan dy bruorren hie boerefeint west yn Nyegea yn in âlde greate stjelp by twa âlde minsken. Dy feint rekke dêr wei, mar letter gong er dêr us op in kear mei syn beide bruorren hinne to jounpraten.
Sy woarden freonlik ûntfongen. Sy woarden yn 'e hûs noege en krigen kofje. Doe...
nl.verhalenbank.25488
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Dat sei er sels. It gebeurde wol dat ien mei him oproun by jountiid of by nacht. Dan sei er: oan kant, der komt in lykstaesje oan. As de oare dan sei: ik sjoch neat, sei Boardzer: Mast mar oer myn skouder hinne sjen.
Dan seach dy oare it ek.
nl.verhalenbank.37764
Froeger lei hjir yn 'e Loane in greate stien; dêr kommen de poppen ûnder wei, seinen se.
nl.verhalenbank.28132
Der binne wol bern, dy wurde mei de helm geboaren. Ik bin der sels ien fan en ús heit ek. As se de helm nei ûnderen lûke, krije dy bern noait hwat to sjen, mar lûke se him nei boven, dan matte se alles sjen. Dy helms binne ôfgryslike djûr. En dat is neat gjin wûnder. Hwant as steane der fiif en twintich man tsjin jin oer mei in laden gewear en dy wolle...
nl.verhalenbank.17659