Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: dwaallicht Place of Narration: Boelenslaan
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in hiel soad. It tsjutte op 'e lettere strjittelampen
nl.verhalenbank.17668
Wylde lantearnen woarden der yn 'e Legauke sjoen. De minsken roannen der hinne om der by to kommen, mar dan wienen se fuort. Dat wienen letter de fytsljochten.
nl.verhalenbank.21904
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Oan 't Skoalpaed seach ús heit faek in ljochtsje. Dêr is doe ek in hûs kom to stean.
nl.verhalenbank.15910
De wylde lantearnen fan froeger haw ik altyd biskôge as de foarboaden fan 'e fytsen.
nl.verhalenbank.17353
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen wienen de foartekens fan 'e lampen. De minsken krigen letter folle mear ljocht.
nl.verhalenbank.17588
Doe't wy op 'e Fjouwer Roeden wennen, wienen dêr faek dwaelljochtsjes to sjen. As âlde Hindriks Lol har man fan hûs wie, siet se faek by ús. "Nou wolle wy joun us oppase, Bouk," sei se dan tsjin my, "dêr dwale hjir altyd ljochtsjes lâns." Wy bleauwen dan yn 't tsjuster sitten om dêr om to tinken. Dan seagen wy se. "Dêr komme allegearre nije huzen skielk",...
nl.verhalenbank.17599
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat wienen de foarboaden fan 'e ljochten fan 'e lettere fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.25259
Wylde lantearnen sweefden oer de lannen. Letter wienen dat de fytsen mei de carbid-lampen.
nl.verhalenbank.25107
Sy seinen wol dat de wylde lantearnen de lettere lampen fan auto's en fytsen wienen. Men sjocht se nou noait mear.
nl.verhalenbank.24453
De wylde lantearnen fan froeger, dat wienen letter de fytsen. Wy seagen froeger de wylde lantearnen de sânpaden delstouwen kommen.
nl.verhalenbank.15909
Froeger seagen wy hjir en dêr wolris in hûs yn 'e brân stean, dan brânde dat hûs letter op. Ek seagen wy by joun wolris op guon plakken in ljocht, dêr't dan letter in hûs kom to stean. Ik wyt noch wol dat pake sei: Hjir by 't poeltsje dêr komt in nij hûs to stean. Dêr ha 'k wol hûndert kear in ljochtsje brânnen sjoen. Dêr is letter èk in hûs kòm.
nl.verhalenbank.15908
Ik bin us in kear troch in dwaelljocht forbjustere rekke. In neef fan my, Jan, dy wenne yn in lyts húske yn 'e heide 'De Petten', in ein achterút. 'k Sei us op in joun tsjin Marijke: "'k Wol even nei Jan ta. Setstû om njoggen ûre even 't lampke foar 't gleske del yn 't achterhûs? Dan kin ik 't fine." Ik praette by Jan. Doe soe 'k wer nei hûs ta. Hy roan...
nl.verhalenbank.24906
35