Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: dansen Place of Narration: Boelenslaan
Der wienen froeger fan dy stille kroechjes op 'e Boelensloane. Snein-to-jouns sette it jongfolk dêr op ta. Sa wie der ek ien, dêr spile Lammert Dalstra altyd op 'e âlde harmoanika. Der dânse it jongfolk altyd by. Lammert hie mar ien hân. De oare wie in knûstje, dy wie miswoechsen. Op in joun sei 't jongfolk: "Lammert, nou mast ris even spylje: - Daar...
nl.verhalenbank.26107
To Drachtster Kompenije oan 'e wei nei Oerterp ta stie froeger in skeperije. It folk dat dêr wenne hie in hiele keppel drinten. De frou hearde dêr alle nachten lawaei yn 't achterhûs. Sy woe wolus wite hwat dat wêze koe en op in nacht gong se der op ôf. Doe seach se twa neakene berntsjes, dy't om in dikke stile hinne dânsen. De oare deis gong se nei de...
nl.verhalenbank.17634
Sytse Jager wenne yn 'e Smoarhoeke. Hy wie ien fan 'e jonges fan Hindrik en Trui. Hy wie doe noch frijgesel en wenne by syn âlden yn. Op in kear kom er midden yn 'e nacht thús. By harren achter hûs wie de sleat krekt slatte. De slatswâl stie der noch. Doe seach Sytse dêr op 'e slatswâl in dikke wite geit omdânsjen. Dy sprong al mar hinne en wer, en dat yn...
nl.verhalenbank.21204
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane. Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen...
nl.verhalenbank.21201
Ik en myn neef Bareld wienen us togearre op in joun to murdzjen. Wy soenen wer nei hûs ta. Ik brocht him de Houtigehage in ein út. Doe't wy oan Wytse Hiddema syn lân ta wienen seagen wy dêr yn 'e nacht twa froulju, dy dânsen omelkoar hinne. En dat floddere mar en dat floddere mar. Wy koenen se wol, 't wienen susters en dikke tsjoensters beide. Even letter...
nl.verhalenbank.17660
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
Hearke hie in dochter Rixt, dy wie ek tige sterk. Dy hat op in kear har frijer deaknypt. Hja hie forkearing mei dy feint hawn. Doe moest se in bern fan him ha. Doe sei se dat tsjin him, en doe makke dy feint it út. In skoft letter trof se dy feint yn in herberch. Dêr wie doe dounsjen. Hy frege har oft se mei him dounsje woe. Doe rekken se oan 'e gong. Doe...
nl.verhalenbank.36050
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.
nl.verhalenbank.28293
35