Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
16 datasets found
Dutch Keywords: broer Place of Narration: Boelenslaan
Us Boardzer kaem op in nacht thús, doe stienen de finsters by ús opskoud en de gerdinen wapperen nei bûten ta. Doe't hy der yn kaem, seach er yn in hoeke fan 'e keamer syn jongste broerke yn in deakistje lizzen. Dat wie allegear foartsjirmerije. Mar it bern wie doe al siik. Gauachtich dêrnei is it stoarn. Boardzer hie it net tsjin ús mem sein omt er har...
nl.verhalenbank.17722
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje. Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol...
nl.verhalenbank.15913
Tsjerk Wetterrot hat hjir froeger yn in hoale wenne. Dêr lei strie yn en der stie in bank yn. Tsjerk libbe fan stellen en roven. Hy troude mei Lisk. Sy hienen it goed. Der wie in tonne mei fleis, in protte jirpels en sy hienen sinten genôch. Dat hie Tsjerk allegear roofd. Hy gong der faek mei syn broer op út to roven. Op in kear siet de nachtwacht him op...
nl.verhalenbank.17033
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen. Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe. Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!" Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf. In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen. In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
Myn broer Miente en syn kammeraet Meint Pama hienen op in joun beide nei de faem ta west. Yn 'e nacht kamen se werom fan 'e Rottefalle. By de Trije Roede gongen se útelkoar, elk moest in kant út. Meint Pama gong de Trije Roede del en kom sa by 't Blauhûs. Doe't er dêr oan ta wie seach er in forskining. 't Wie in frommis, dat sweefde. Meint wie sa binaud...
nl.verhalenbank.37765
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen. Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
By Wopke Hoekstra oan 'e Spekloane op 'e Boelensloane hâldden se in spiritistyske séance. Myn jongste broer Megiel siet der ek by. Doe't er oerside seach, stie der by 't bêdsket in deakiste. Fuort seach er de oare kant wer út, mar doe't er wer nei 't bêdsket seach, stie de kiste der noch. Wer seach er in oare kant út, mar doe 't er foar de trêdde kear...
nl.verhalenbank.17663
Fan sawn soannen is der ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.27603
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
Myn broer Brucht siet by syn frou yn 'e hûs. Se wennen doe noch oan 'e Bethlehemsreed, hjir flak by. 't Wie noch ier yn 'e moarn. Doe sei er tsjin syn frou: "Hjir komme aenst mannen mei glêdde petten op. 't Lykje wol plysjes." Dyselde moarns, om healwei tsienen stie it hûs fan achteren yn 'e brân. Doe kommen de brandspuitmannen delsetten. Dat wienen de...
nl.verhalenbank.37831
Op in kear doe hienen se gjin sâlt yn 'e hûs. En 't wie tiid, de ierappels moesten oer. Jan sei tsjin syn suster: "Gean dû mar net nei de winkel ta. Ik mat doch nei Ljouwert ta, dan nim ik wol sâlt mei." It minske hong de ierappels oer, wylst boun Jan de redens ûnder. Doe't er werom kom fan Ljouwert mei sâlt, wienen de ierappels noch net iens gear.
nl.verhalenbank.26095
Myn suster wenne yn Deventer. Hja wenne dêr allinne. Hja waerd siik en kom doe 3 wiken by myn dochter to opknappen. Myn dochter wennet hjir. Doe't hja wer hast klear like to wêzen, gong se wer nei Deventer werom. Doe sei myn broer Brucht tsjin my: "Dy leeft net lang mear." In pear wiken letter wie se dea. Brucht hie har bigraffenis fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.37832
Myn broer kom ris op in nacht mei moai ljochtmoannewaer fan in feestlike forgadering fan 'e muzykforiening fan 'e Rottefalle. Wy wennen doe yn Drachtster Kompenije. It wie nei tolven. Hy wie op 'e fyts en hie de karbydlantearne oan. Hy gong in binnenpaedtsje del dat nei de Fjouwerroede tagong. 't Wie in smel paedtsje fan sahwat in meter breedte. De...
nl.verhalenbank.36053
Myn broer Megiel wennet yn 'e Parken. Se timmerje dêr yn 'e nacht altyd om. Myn broer wol der eins net rjocht oer prate. Mar 't is al faek neikom. Hy hearde 't by harren sels yn 'e hûs, dan wienen se letter oan 't fortimmerjen
nl.verhalenbank.17664
35