Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: bezoek Place of Narration: Boelenslaan
Tseard Boomsma syn mem kom us by ús en doe sei se tsjin ús mem: "Hè, hwat let dy klok hwer raer. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.21409
Ritske en Aeltsje wennen oan 'e Houtigehaechsterwyk. Sy hienen in jonkje, dat wie lytse Germ. Dat jonkje rekke bitsjoend. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dy sei: "Jimme matte it kessen iepensnije, dêr't it bern op leit. En dat matte jim goed neisjen. As dêr trije krânsen yn sitte en dy binne alle trije klear, dan is 't bern net mear to rêdden. Binne...
nl.verhalenbank.27268
Muoike wenne yn 'e Houtigehage. Hja wie siik en âld. Sy hie linnen op 'e bleek lizzen. Doe kom dêr dy nachts in houn by to spoekgûlen. Se jagen de houn fuort, mar it dier kom like linich wer op itselde plak. En 't gong wer op in spoekgûlen. Even dêrnei is muoike stoarn.
nl.verhalenbank.27272
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!" Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
nl.verhalenbank.37857
Myn broer wie us op in joun by Wopke Hoekstra syn âlden. Wylst er dêr sa siet seach er ynienen in deakiste oer de flier stean. Hy skrikte en seach gau ergens oars hinne. Doe't er wer seach wie de deakiste fuort. Fjirtsjin dagen letter wie de frou dea.
nl.verhalenbank.21405
Myn broer Miente en syn kammeraet Meint Pama hienen op in joun beide nei de faem ta west. Yn 'e nacht kamen se werom fan 'e Rottefalle. By de Trije Roede gongen se útelkoar, elk moest in kant út. Meint Pama gong de Trije Roede del en kom sa by 't Blauhûs. Doe't er dêr oan ta wie seach er in forskining. 't Wie in frommis, dat sweefde. Meint wie sa binaud...
nl.verhalenbank.37765
35