Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
23 datasets found
Dutch Keywords: begrafenis Place of Narration: Boelenslaan
Guon minsken wurde mei de helm geboaren. Sokken sjogge fan tofoaren bigraffenissen. Dat wie ek it gefal mei greate Tiense, dy't hjir yn Boelensloane wenne hat.
nl.verhalenbank.37778
Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik...
nl.verhalenbank.17682
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
It is us in kear gebeurd, dan kaem ik thús fan 'e klaei. Dêr hie 'k oan 't wurk west. 't Wie sahwat ien ûre yn 'e nacht. De finsters fan ús hûs stienen heech opskoud en de gerdinen waeiden der troch hinne nei bûten ta. Ik seach ûnder 't finster troch. Der stie iten foar my op 'e kachel. Doe gong ik der yn en ik bigong to iten. Doe seach ik in lyts deafet...
nl.verhalenbank.17683
Antsje dat wie in nicht fan my. Dy hie op in joun om molke west nei Taeke-om yn 'e Houtigehage. Doe't se wer nei hûs ta gong, doe seach se hwat ûnderweis. 't Wie in lyts berntsje, dat kaem ûnder in grouwe spjirrebeam wei. Dat berntsje, dat hienen lju dêr stil bigroeven, dy't it kwyt woenen. Dêrtroch hie dat berntsje gjin rêst.
nl.verhalenbank.17657
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
nl.verhalenbank.32773
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it...
nl.verhalenbank.17336
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean. Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
Myn Age-om is mei syn húshâlding nei Amerika ta gien. (Age van der Heide wie in broer fan mem). Doe't se yn Amerika oankaem wienen skreau er in brief. Sy hienen ûnderweis in sémearmin sjongen heard. In sémearminne dat is in wezen, heal frommes, heal fisk. Sy seinen oan board, dat bitsjutte dat der in deaden oan board wie of dat der ien kaem. Doe wie har...
nl.verhalenbank.17644
Op 'e Feanster Heide lei in man yn 'e nacht op bêd, doe hearde hy ynienen dat der bûtendoar hwat tsjin it kezyn oan skaefde. Hy fan it bêd ôf en nei bûten, mar der wie neat to sjen. Hy joech him wer del. In skoftsje letter waerd der bûtendoar hwat del set dat fan hout wie en der waerd ek hwat boven op goaid. Wer gong de man der op ôf om to sjen, mar ek...
nl.verhalenbank.17635
Op in joun kaem ik mei ús heit by ús beppe wei. Doe sei heit: "Toe jonge, gean dêr út dy spoaren wei. ('t Wienen doe noch sânpaden) Wy bliuwe even stean." Hy sei net: "Ik sjoch in lykstaesje," mar dy hat er dêrom wol sjoen.
nl.verhalenbank.17340
Yn 'e Harkema is us ien bigroeven woarn mei in to lang lykkleed. Letter kom er werom by syn folk. Dan sei er: "To lang."
nl.verhalenbank.21552
Myn suster hie in berntsje forlern. Wy hienen der fan op bigraffenis west. 't Wie yn 'e winter. Doe't wy wer thús wienen fan 'e bigraffenis wie 't tsjuster. Myn frou sei: "Der hingje noch in pear lekkens bûten op 't bargehok. Dy sil 'k even ynhelje." Hja gong der út, mar doe't se wer yn 'e hûs kom, sei se: "Nou is 't net bêst, nou is 't bêste fan 'e...
nl.verhalenbank.25326
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane. Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen...
nl.verhalenbank.21201
Der wie in frou dy lei al skoften siik op bêd. It minske hearde op in kear dat se de kiste yn 'e hûs brochten. De hânsels klapten hwat. It deksel woarde opskoud. Dy lûden hearde se allegear. Sy fortelde dat oan har man. In skoftsje letter stoar se. En doe gebeurden al dy dingen mei har eigen dea. De kiste waerd der ynbrocht en al sa mear. Hja hie de...
nl.verhalenbank.24384
Lykstaasjes Myn pake en beppe, âlde Alle Bijma en Fokje, wennen yn 'e Harkema. Op in kear stienen se efter 't hûs te praten mei Kees Arjens. Ynienen sei beppe: 'Sjoch, dêr komt in Iykstaasje oan! Sjoch, twa mei hege huodden op—fiif manlju en trije froulju'. Se wienen al oan 't Skeanpaad ta, doe sei se: 'Hea, dêr gean se skeanoer!' 'Dat kin net', sei pake....
nl.verhalenbank.12970
Anne Bekkema dy moast der nachts altyd ôf as der in lykstaesje lâns kom. Hy sei: "Ik ha der in hekel oan, mar ik kin der neat oan dwaen. Ik mòat it sjen."
nl.verhalenbank.17339
Hjir oan 'e Fjouwer Roeden wenne âlde Tsjerk van der Veen, yn 't lêste húske, it tichtste oan 'e Rottefalle. Dy seach op in kear dat der in kiste by him yndroegen woarde. Hy tochte: "Dy is foar my sels." Hwant hy hie 't oan 't hart. Mar even letter stoar syn frou. De kiste kom op itselde plak to stean dêr't hy him sjoen hie. Doe't Antsje al in skoftsje yn...
nl.verhalenbank.28087
Myn broer Sytse Taekema wie us op in joun mei in freon by Piters Jantsje oan 'e Gielewyk. Doe sei er tsjin syn kammeraed: "Jow even hwat rûmte." Mear sei er net. "Hwat bistû healwiis, hwerom matte wy oan 'e kant gean?" sei syn kammeraet. Mar Sytse woe 't net sizze. Letter hat er it forteld. Der gong doe in lykstaesje foarby. De regenkleden fan 'e froulju...
nl.verhalenbank.17698
35