Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: vreemd Place of Narration: Augustinusga
Tsjoensters wienen der froeger plenty yn Stiensgea. Der binne rounom wol krânsen út 'e kessens helle woarn. Dêr siet naeijern, stopjern, lapkes en alsamear yn. Hwa't hjir allegear net bitsjoend west ha - dêr ha je Fokke Alma. Dy sukkele. 't Kessen woarde iepentoarnd. Doe founen se in krâns. Pake gong foar him nei de duvelbander ta, mar hy is net mei de...
nl.verhalenbank.12549
Myn broer en Aen de Haen wienen kameraten. Op in nacht, doe't der in dikke laech snie lei, by 't winter, om healwei tolven hinne, seagen se ris, dat der in man oanstappen kom. Doe't er hast oan har ta wie woard er samar ynienen wei. Doe't se it neiseagen, wie der net in inkel spoar fan oer yn 'e snie. Dit gebeurde by 't Stiennen Pypke tusken Stiensgea en...
nl.verhalenbank.12548
Imke de Jong moest soldaet wurde, mar dêr hied er gjin sin oan. Hy sei tsjin 'e oerste: "As ik yn 'e koets troch Ljouwert ryd en op fjouwer plakken tagelyk sjoen wurd, mei 'k dan frij fan 'e tsjinst?" Mar dat mocht net. Mar evengoed ha se him wol op fjouwer plakken tagelyk sjoen. Hy hat yn 'e buert fan Stiensgea wenne.
nl.verhalenbank.12551
Pake hat ris op Drachtster Merke foar de swarte spegel stien to sjen. Men seach yn sa'n spegel altyd in froumins achter jin lâns gean, dat woarde jin wiif. Dat kom altyd út. Pake seach dêr doe ek ien. Hy koe har wol, 't wie Akke. Doe't hy der út wie seach er har op 'e merke. "Kom mar gau mei", sei er tsjin har. "Dû wurdst myn wiif, ik ha dy al sjoen." Hy...
nl.verhalenbank.12550
Us pake wenne yn de Ham. Hy soe ris nei Stiensgea ta to jounpraten. Hy roan oer Readskuorre, dêr't er oer de houtsjes soe. Doe kom dêr in jongfrommes oan dat him foarby sweefde. Pake sei: "Goejoun." Sy sei neat. Pake seach ûnder har troch. Mar hy wie net bang.
nl.verhalenbank.12546
't Wie Feanster merke. Imke de Jong wie der ek. Albert en âlde Metske reizgen der hinne. Alde Metske hie in heechsidene pet op. Imke sei: "Hwat hat dy keardel in kaerten yn syn pet." Doe't er de pet ôfdie, kom der wol in kroadefol kaerten út.
nl.verhalenbank.12552
"Elk mat goed op syn horloazje passe," sei Imke de Jong, "der binne altyd dieven." Der wie ien ûnder it folk, dy miste sines al. Ien dy't in hiel ein fan him ôf stie hie twa. Sokke kunsten helle Imke út. Hy koe de minsken ek stean litte. Ek koed er de minsken de klean ôfsakje litte. Hy siet wol gauris yn 'e gefangenis, mar dêr wie er ek samar wer út. Dêr...
nl.verhalenbank.12553
Sjouk, in dochter fan Abram Kats, spoeke nei har dea. Ate kom har tsjin. "Morgen", sei Ate. Syn broer sei: "Hwat bipraetstû dêr? Der is ommers net ien." "Sjochstû dan neat? 't Is Sjouk." Sy sweefde fuort. De broer seach it net.
nl.verhalenbank.12547
By de kastanjebeam, oan 'e oare kant Geart van der Velde, wie in spoek, dat de lju kearde.
nl.verhalenbank.12543
Om in wikseldaelder to krijen moest men jin oan 'e duvel forkeapje. Mei in swarte kat moest men trije kear om it tsjerkhôf hinne rinne. De daelder rekke noait op.
nl.verhalenbank.12556
35