Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Place of Narration: Akkerwoude
Hjir hat ien wenne dy koe de minsken stil stean litte.
nl.verhalenbank.24355
Der wenne hjir ien, dy biwearde, dat er roeken ta de hurddobbe út komme litte koe.
nl.verhalenbank.23560
Imke de Jong hat yn Grins ûnder tsjinst west. Doe reinde it in kear. Doe liet Imke de soldaten allegear nei de kaserne ta gean yn 'e droechte en de hege ome - in offisier of sa, liet er fêststean, bûten yn 'e rein. Dy koe dêr net wer weikomme.
nl.verhalenbank.24356
As in tsjoenster der yn 'e nacht op út giet, dan lit se har pânse op bêd achter. Dêr leit har man dan njonken.
nl.verhalenbank.24154
As se Imke de Jong gefangen setten, dat joech har neat. Hy kom der altyd út. Sy ha him nergens fêst hâlde kind.
nl.verhalenbank.24357
Ik haw ris sjoen dat ien in spul kaerten tsjin 'e souder oansmiet. Dêr bleauwen al dy kaerten sitten. En sy wienen der mei in mes net ôf to krijen. Mar deselde dy't se dêr hinne smiten hie, hie se der samar ôf.
nl.verhalenbank.24354
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy ha yn Feanwâldsterwal in kat al us omraek tramtearre. Doe lei de tsjoenster de oare deis siik op bêd.
nl.verhalenbank.24152
As se de krânsen opbrânden, dan forgong de tsjoenster fan 'e pine. As se yn 'e krânsen stutsen mei nuddels, dan krige se ek pine.
nl.verhalenbank.24153
Ik ha wolris heard, dat hjir in man wenne hat, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.24352
't Wienen hjir froeger allegear tsjoensters. Om út to meitsjen hwa't ien bitsjoend hie, makken se hjir wol gebrûk fan in Krúskekaei en in bibel. Se leinen de kaei op in bipaelde tekst yn 'e bibel. As se de wiere namme fan 'e tsjoenster neamden, dan bigong de kaei to draeijen. Dat is hjir al us in kear gebeurd by minsken oan 'e Lytse Loane. "Tsjallings...
nl.verhalenbank.24149
Imke wist de dingen foarút. Hy koe yn 'e takomst sjen. Der wie in soldaet by him ûnder tsjinst, dy hiet fan Jan. Imke sei tsjin him: Hobbele dobbele sta, dit gaat over de baren. Jan, het paard heeft het schaap doodgeschopt. Dat sei Imke tsjin in soldaet, dy't Jan hiet. Trije dagen letter kom der biricht, dat it skiep dea wie.
nl.verhalenbank.24358
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Jehannes Meerstra roan mei tsiis. Hy liet de soldaten ta de hurddobbe útkomme en liet de stuollen samar dounsje. Hy koe de minsken ek fêst sette, dan koenen se noait fuort komme en hy koe de froulju de klean ôfsakje litte.
nl.verhalenbank.24157
Heit fortelde, hjir yn 'e herberch bistelde ien alris in flesse drank mei in kaert. Dy flesse kom der oansweven en sweefde boppe de tafel. Earst pakte net ien dy flesse. Op 't lêst hie ien de flesse oan krige, oars hienen der deaden kom. It earste romerfol waerd oer 't skouder fuortsmiten.
nl.verhalenbank.24353
14