Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Place of Narration: Akkerwoude
Der wie in notaris, hjir út 'e buert, dy koe net stjerre. Doe binne de minsken allegear út 'e hûs gien. Dy notaris hie de minsken altyd ôfset en strûpt. Doe't se der wer ynkommen, wied er dea. De duvel hie mei him ret.
nl.verhalenbank.24009
By de Godloas brêge hat froeger in herberch stien. Dêr gong 't der soms raer oan wei. Flokke en kreauwe. 't Wie fóár myn tiid, mar der binne wol guon útkom, dy't ûnderweis nei hûs in rare reis makken. Dan rêdde de duvel mei har.
nl.verhalenbank.24351
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy hingje jouns de lege pong oan 'e klink fan 'e doar, en moarns sit er fol jild. Sadwaende ha se noait forlet fan jild. Der mat om 'e safolle jier ien fan dea. Dy't it dan mar treft. Jy kinne der net wer by wei.
nl.verhalenbank.23564
Brún Douma wenne op 'e Kapelle. Hy roan in kear de sânreed del. Doe hearde er dêr in great gelút. Doe woarde er samar opnom en fan 'e loane ôfsmiten. It wie de duvel dy't dat die, mar hy seach neat. Hy koe net thús komme. 't Wie op in joun. Hy hat it sels faek forteld.
nl.verhalenbank.23074
Der wie nachts altyd hwat op it tsjerkhôf. Doomny woe wol us wite hwat dat wie. Doe gong hy der ris hinne om to sjen. Doe wie dêr in persoan, dy gong boven op 'e oare stean, op 'e skouder tsjin 'e muorre oan. Doomny sei: "Ien ha 'k wolris op 'e oare stean sjoen, mar dêr ek noch in trêdden boppe op noch noait." Doe wie de boppeste sa binaud woarn, hwant hy...
nl.verhalenbank.24020
Froeger hienen se yn Moarmwâld in matteweverij. Dêr bistriden se de wurkeloasheit mei. Sy weefden mei rosken. Dy rosken woarden op 'e souder droege. Dan bleauwen se taei. Dienen se 't yn 'e sinne dan woarden se bros. Sy moesten dus de rosken fan 'e souder helje. De man dy't de leiding hie fan dy matteweverij flokte altyd bot. Op in kear gong er by de...
nl.verhalenbank.24008
Se dienen hjir froeger op forskeidene plakken duveldrek ûnder 'e drompel. Dan kom de tsjoenster der net oer. Ek yn 'e trôch fan 'e bargen dienen se duveldrek. Guon hienen duveldrek yn 'e bûse. Dan wienen se feilich tsjin tsjoensters.
nl.verhalenbank.23559
Hjir yn 'e buert is ris ien smiten woarn troch de kweade. Hy hie 't raer opsein.
nl.verhalenbank.24147
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Gaetse Meijer fan Ikkerwâld fortelde, hy kuijere us mei syn buorman Hindrik Miedema in slachje om. Doe't se by 't Lytse loantsje kommen, woarde syn buorman samar opnom en oer 't sleatsje smiten yn in stobbe. Gaetse sei: "Duvel, hwat sille wy nou bileve." Hindrik hat in raer leven lein. Hy dreau oeral de spot mei en wie wit hoe faek dronken.
nl.verhalenbank.21764
Doe't ik noch in bern wie, wie der ien fan ús al us in kear bitsjoend. Doe gong ús heit mei it wetter fan it bern nei greate Wopke ta. Wopke joech heit in drankje en dêr gong heit mei werom op hûs ta. Mar ûnderweis wie der ynienen hwat by him opsprong. Hwat it krekt west hie, wist er net, mar it drankje, dat er yn 'e bûse hie, rekke dêrtroch stikken, en...
nl.verhalenbank.21770
Yn Feanwâldsterwâl wie ek ris ien bitsjoend. Dat wie in boerefrou. En de beesten op 'e stâl wienen ek allegear bitsjoend. Dy stienen alle moarnen los op 'e stâl. Doe binne se nei Piter Poes ta gong fan Sumarreheide. Dy wie duvelbander. Hy kom yn 'e hounekarre en wipte der út op it hiem. Hy kom mei yn 'e hûs. Hwat er mei it fé dien hat, wyt ik net, mar it...
nl.verhalenbank.24151
In suster fan myn twadde mans mem hat us bitsjoend west. Doe gong har mem nei greate Wopke fan Kûkherne. Wopke sei: "Underweis folget der jo ien. 't Kin wêze dat jo dan al sahwat thús binne. Dy sil jo freegje - Hwat sei Wopke? - Siz dan neat tsjin har. Jow har gjin antwurd." Wopke joech har in fleske mei guod mei. Doe't hja omtrint thús wie kom buorfrou...
nl.verhalenbank.24150
13