Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
153 datasets found
Narrator Gender: v Place of Narration: Drachten
Mem har âlden wennen yn 'e herberch Het witte paerd to Eastemar op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren. De murdehoeke, sa woarde dy herberch neamd, omdat ús heit, Japik Hoeksma syn bynamme wie Japik Murd. Op in joun, doe gong 't der bot oan wei yn 'e herberch. Mem wie doe noch in famke, hja siet by de tafel. It jongfolk wie sa roerich dat it wie net moai mear....
nl.verhalenbank.37153
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen, doe kom der in man by him. Dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke die 't hynder foar de ploech wei. Doe tilde er de ploech op en stuts dy foar him út. "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er", sei er.
Der wienen ris in man of fjouwer oan it houtladen op in wein to Bakkefean. Dat woe net. Se koenen 't net oprêdde om de grouwe stammen op 'e wein to krijen. Dêr kaem sterke Ynse oan. "Dû koest ús krekt even helpe", seinen se tsjin Ynse. "Goed", sei Ynse. Doe smiet Ynse de beamstammen hielendal allinne ien foar ien op 'e wein. Doe't dat dien wie gongen dy...
nl.verhalenbank.37130
Jan Jagersma fan Drachten wie tige sterk. Doe't er ris in kear by de hoofdbrêge fan Drachten wie mei syn frachtauto, koed er dêr de draei net krije. Doe sette hy de rêch ûnder 'e auto en sette him om. Ek in kear doe hie Jan Jagersma ûnder elke earm in bael sûker en ek noch ien op 'e nekke. Dêr sjoude er mei de trap op.
nl.verhalenbank.37129
In wjerwolf, dat wie by ús ien dy't net sêd koe. "Dû smoarge wjerwolf," seinen se, "dû hoechst alles net."
nl.verhalenbank.37128
To Houtigehage wenne in tsjoenster, dy hie altyd in swarte doek om 'e kop. Dat hienen de tsjoensters meastal. As dy tsjoenster froeger de Dwarsfeart delkaem makken wy as bern gau in kring op it paed en dêr leinen wy in duit middenyn. Dan koe se net fierder komme, wie 't sizzen altyd. Under 'e drompel leinen se duveldrek. As in bern bitsjoend wie hie 't...
nl.verhalenbank.37127
Us waerd froeger leard, as wy mem sloegen foelen de hannen derôf of wy krigen in glêzene hân.
As ús mem froeger by joun hwat tsjinkaem, dat nuver like, sei se: "Komst fan 'e kweade, gean fan my. Komst fan 'e goede, bliuw dan mar."
Rin nachts noait midden op 'e wei, waerd ús altyd yndruid.
De wyk by de âld helling wie de Jammerwyk. As men dêr lâns kaem waerd dêr altyd jammere. Dêr hied er de namme fan. Neffens it sizzen mat dêr ris ien forsûpt wêze, dy't tige jammere hie.
Yn 't lân fan Klaes Schriemer wie in dobbe. 't Is oan 'e Noarderdwarsfeart. Dêr mat froeger ris in hynder yn forsûpt wêze mei de amer om 'e hals. Ik haw ek wolris heard fan in hynder sûnder kop, dat ergens spûke. As dat nou dàtselde hynder wie, wit ik net.
Us heit hat wolris fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Letter wie dêr dan de echte bigraffenis. 't Wie oan 'e Noarderdwarsfeart dêr't er dy lykstaesjes seach.
Dêr't nou de rondwei oer de Noarderdwarsfeart hinnegiet seach ús heit froeger oan beide kanten gleone ljochten. Dan sei er: "Dêr komt nochris hwat." Hwant dy gleone ljochten, dat wienen de lettere auto's by joun en by nacht. De man hat gelyk krigen. De rondwei is der kaem en it rydt dêr altyd troch.
Der kaem ris in as frou forklaeide keardel op in joun by in boer. "Kin ik hjir oernachtsje?" frege dy. De boer liet har der yn, mar hy fortroude 't net. Hy sei tsjin 'e feint: "Net fuortgean dû. Smyt dû m aenst hwat nuten ta." Dat hat dy feint dien. Doe heinde dat frommes de nuten op wylst hja de knibbels tsjin elkoar oan klapte. Doe wie 't biwezen dat it...
As de earrebarre op 'e skuorrenael syn nêst hat jowt er hier. It earste aei dat er leit is foar de boer, dat smyt er omleech.
nl.verhalenbank.36942
Trapet men by ûngelok op in slangekoaning, dan is dat net sa bêst. Dan komme der fan alle kanten slangen op jin tasetten, hwant sa'n slangekoaning bigjint to piipjen. Men kin dan sa gau net om in hinnekommen sjen. It iennige is: smyt sokke slangen in lape ta, as by need jin klean, dan fljogge se dêr op ôf.
nl.verhalenbank.36941
In ûnderierdske gong roun der fan it kleaster Smelle-Ie nei it slot fan Aldegea.
nl.verhalenbank.36939
Frijmetselders wienen kûgelfrij. Meine Wykstra sei ris: As ik troch Amsterdam of troch Ljouwert kom, sil ik jo de huzen oanwize dêr't frijmetselders wenje. Hwant dy huzen binne noait ôfmakke. Dêr mat altyd noch it iene of oare oan dien wurde. Dy frijmetselers ha allegear in lyts kistje mei allerhande soarte fan ark der yn. Sadré't der ien overleden is,...
nl.verhalenbank.36938
Guon hienen in toverboek. Dy't dêryn liezen koenen fan alles komme litte. Mar sy moesten itselde ek like hurd weromlêze, oars gong it net wer fuort en dat wie net bêst.
nl.verhalenbank.36936
Alde Wytse Kosak siet op in joun by de fjûrpot. Doe kamen der allegear soldaetsjes by him en dy marsjearden der fleurich op los. Se waerden ek wer wei.
0